Hearrenfean kin foarsprong wer net fêsthâlde en spilet gelyk yn Sittard

Sahraoui
Sahraoui yn aksje © Orange Pictures
SC Hearrenfean hat sneontejûn yn in spektakulêr duel op besite by Fortuna Sittard mei 3-3 lykspile. Yn in duel mei twa gesichten stiene de Feansters by it skoft mei 2-0 foar, mar it slagge de ploech fan trainer Kees van Wonderen wer net om de foarsprong yn de twadde helte fêst te hâlden.
Hearrenfean begûn sneontejûn foar it earst yn tiden sûnder keeper Andries Noppert op doel. Mickey van der Hart krige de foarkar fan trainer Kees van Wonderen. Middenfjilder Thom Haye stie foar de twadde wike op rige net yn 'e basisopstelling. Syn ferfanger wie Syb van Ottele.
Opstelling sc Hearrenfean: Noppert; Braude, Van Beek, Bochniewicz, Köhlert; Van Ottele, Olsson, Brouwers; Wålemark, Van Amersfoort, Sahraoui.
Fan it earste fluitsinjaal fan skiedsrjochter Van der Laan ôf socht Hearrenfean de oanfal. De ploech wie skerper as Fortuna Sittard yn de iepeningsfaze, mar kaam net ta hiel grutte kânsen. In skot fan Brouwers nei seis minuten waard pakt troch keeper Verrips fan Fortuna.

2-0 foarsprong

It oerwicht fan Hearrenfean betelle him út. Osame Sahraoui like syn aksje nei in lytse tweintich minuten wat te fier troch te setten, mar de rappe linksbûten koe út de draai wei knap binnensjitte.
Luuk Brouwers Hearrenfean
Luuk Brouwers fiert de 2-0 © ANP
De foarsprong waard in pear minuten letter sels ferdûbele doe't Luuk Brouwers in ôffallende bal op de râne fan de sechtjin meter yn ien kear yn 'e krúsing roste. Fortuna besocht dêrnei wol wat werom te dwaan, mar foar it skoft kaam de thúsploech net fierder dan in spikerhurde pegel fan Lonwijk op 'e latte.

Fortuna komt werom

Fortuna Sittard moast yn de twadde helte nei foar om noch wat fan it duel te meitsjen. Oanfaller Sierhuis krige, yn bûtenspulposysje, in grutte kâns, mar keeper Van der Hart hie in poerbêste rêding yn hûs.
Halilovic penalty
Halilovic bringt Fortuna Sittard werom yn it duel © ANP
Hearrenfean hie it duel ûnder kontrôle, mar nei in lyts oere spyljen wie der ynienen in penalty foar de thúsploech. Lonwijk gie maklik nei de grûn, mar skiedsrjochter Van der Laan fûn it swier genôch. Ald-Hearrenfeanspiler Halilovic makke gjin flater en skeat de thúsploech werom yn de wedstriid.

Van Wonderen grypt yn

Hearrenfean wie it efkes hielendal kwyt en Fortuna profitearre. Noch gjin fiif minuten nei de strafskop kopte Guth in fan rjochting feroare foarset achter Van der Hart foar de 2-2.
Dat wie foar trainer Van Wonderen it sein om yn te gripen en hy brocht Nunnely en Haye. Hoewol't Fortuna it oerwicht hie, wie it dochs wer Hearrenfean dat op foarsprong kaam.
Hearrenfean Van Wonderen
Trainer Kees van Wonderen seach in spektakulêr duel © Orange Pictures
In skitterende oanfal oer de linkerkant fan it fjild waard opset troch Sahraoui. Nei in fantastyske kombinaasje tusken him, Nunnely en Van Amersfoort wie Brouwers, mei syn twadde goal fan de jûn, it einstasjon.

Dochs wer Fortuna

Dat wie noch net de ein fan de wedstriid want mei noch tsien minuten te gean koe Van der Hart in hoekskop fan Fortuna net goed ferwurkje. Hy bokste de bal foar de fuotten fan Halilovic dy't keihurd de 3-3 tsjin de touwen trape. Noch gjin minút letter kopte Brouwers op 'e latte oan de oare kant fan it fjild.
De trainer fan Fortuna, Danny Buijs, helle yn de slotfaze in spits nei de kant foar in ferdigener en luts dêrmei it punt oer de streek.
Dêrmei bliuwt it ferskil tusken Hearrenfean en Fortuna Sittard op de ranglist twa punten yn it foardiel fan de Limboargers. Hearrenfean stiet tolfde mei 22 punten út 20 wedstriden. Hoewol't it ferskil mei nûmer fyftjin Heracles noch mar trije punten is, is ek it ferskil mei nûmer seis Go Ahead Eagles 'mar' fiif punten.