Gemeente Hearrenfean wol wenplak dassen yn Jobbegea oanwize as nijboulokaasje

Dassen Skoalle Jobbegea
Ofbylding as yllustraasje © Appie Bergsma
De gemeente Hearrenfean wol de eardere J.B. Kanskoalle yn Jobbegea slope en der huzen foar yn plak sette. Mar, der wennet al jierren in famylje dassen ûnder de skoalle. Natuerkenner Appie Bergsma út Jobbegea beskikt oer aktueel byldmateriaal fan de dassen, dy't oan de efterkant ûnder it needlokaal wenje.
Yn in parseberjocht oer de sloop neamt de gemeente it mooglike bouplak oan de râne fan it doarp 'in kânsrike lokaasje foar wentebou'. Bergsma fynt it bysûnder dat de gemeente mei dizze lokaasje komt.
In das is in beskerme bistesoarte. Dat betsjut dat in plak dêr't de bisten wenje net samar sloopt wurde mei. Yn sa'n gefal moatte de dassen earst ferpleatst wurde en ek dat is net maklik. "Ik bin der net wis fan, mar ik tink dat se ek jongen hawwe", seit Bergsma. "Dat makket ferpleatsing noch dreger."
Gemeente Hearrenfean sjocht wenplak dassen as 'kânsrike nijboulokaasje'
De âld-preparateur folget de dassen yn de omkriten fan Jobbegea al tritich jier. Dat der dassen ûnder de skoalle wenje is neffens him net sa nuver, omdat yn de natuerbosk achter de skoalle in grutte dasseboarch sit. "Doe't de skoalle leech kaam te stean en der gjin mear bern omspaanden mei in soad drokte, waard de skoalle oantreklik foar de das."

Mear komplikaasjes

De oanwêzichheid fan de das is net de iennichste komplikaasje foar de mooglike sloop fan it fertutearze skoalgebou. "Ik tink dat der ek flearmûzen sitte", fertelt Bergsma. "Je meie flearmûzen en dassen net samar ferjeie. Wêr't in das sit meie je net bouwe, dêr komt in hiele proseduere achterwei."
It Jobbegeaster riedslid Age Hartsuiker fan Heerenveen Lokaal fernuvert him oer it parseberjocht fan de gemeente oer de nijboulokaasje. Hy wol witte hokker prosedueres en aksjes it kolleezje ûndernimme sil om dochs wenten te realisearjen op it plak fan de eardere skoalle.
De gemeente Hearrenfean wol de eardere Kanskoalle slope litte
De gemeente Hearrenfean wol de eardere Kanskoalle slope litte © Omrop Fryslân
It doarp Jobbegea stiet neffens Hartsuiker te springen om nijbou foar benammen starters. Hartsuiker sjocht dêrom leaver aksje fan de kant fan it kolleezje as de oanwizing fan in lokaasje mei in soad komplikaasjes.

'Mooglike' dassen

Hartsuiker fynt it apart dat de gemeente yn it parseberjocht skriuwt oer de 'mooglike' oanwêzichheid fan dassen. "Wat bedoele se no mei 'mooglike dassen", prottelt Hartsuiker. "Dy bisten sitte der of se sitte der net, mear mooglikheden binne der net."
It riedslid is der fan oertsjûge dat der dassen ûnder de skoalle wenje, hy hat se sels sjoen op de wyldkamera fan doarpsgenoat Bergsma.
De yngong fan de dassewente oan de achterkant fan de skoalle
De yngong fan de dassewente oan de achterkant fan de skoalle © Omrop Fryslân
Foarsitter René Jelsma fan Pleatslik Belang Jobbegea sit net op komplikaasjes te wachtsjen. Krekt oarsom, nijbou is in grutte winsk fan it doarp. "Foar jongerein dy't op harsels wolle is der no neat yn Jobbegea. Starters dy't it hûs út wolle binne no twongen te ferhúzjen nei De Gordyk of Nijehoarne, want dêr binne wol wenten."

Fergrizing

Foar Jobbegea driget fierdere fergrizing as der net gau wat oan dien wurdt. "De boel sit op slot. Der komt mar selden wat frij en as der wat frij komt is it te djoer foar starters út eigen doarp." Jelsma is dêrom net bliid mei de meidieling fan de gemeente dat it ûntwikkeljen fan nijboulokaasje J.B. Kanskoalle samar trije oant fiif jier duorje kin.
"Neffens ús is dat fierstente let. Wat ús oanbelanget wie de skeppe juster al de grûn yn gien." Jelsma fynt de Kanskoalle op himsels in gaadlike lokaasje foar nijbou, mar wiist der op dat der mear plakken yn it doarp binne dêr't nijbou mooglik is. Hy hat eins mar ien fersyk oan de gemeente: "Tempo meitsje!"