Wa is Pieter Kooi, de nammejouwer fan it nije Cambuurstadion?

Pieter Kooi
Pieter Kooi yn it nije stadion dat dalik syn namme krijt © Omrop Fryslân
It Kooi Stadion. Dat wurdt de namme fan it nije Cambuurstadion yn Ljouwert. Nammejouwer is Pieter Kooi. Mar wa is dizze Drachtster ûndernimmer eins? Wy leine him in pear fragen foar.
Dyn namme op it nije Cambuurstadion. Hoe is dat ta stân kaam?
"De ôfrûne oardel jier wie ik hieltyd mear en mear belutsen by Cambuur. Dan witst ek dat der in nij Cambuurstadion komt en dat der noch wol wat barre moast om dat foar inoar te krijen.
Ik hie krekt in nije ynvestearder yn myn nije bedriuw. Dan giest neitinken oer watst dysels kado jaan wolst. Mar ik wie sels al hiel tefreden mei alles wat ik hie.
Doe sei ik tsjin Ard (algemien direkteur Ard de Graaf fan SC Cambuur, red.) dat ik wol ien wist foar it jildfraachstik foar it nije stadion. Ik sei: ik kom him moarns yn de spegel wolris tsjin, haha!
It liket my moai om wat werom te dwaan foar de regio, mar ek foar meiwurkers, klanten en leveransiers fan myn earste bedriuw. It kaam hiel moai by inoar, dus it moast sa wêze."
Wy sochten Pieter en syn heit Gerk thús op
Do hast ien miljoen euro delteld foar tsien jier Kooi Stadion. Hoe bisto selfmade millionaire wurden mei dyn earste bedriuw?
"Dat klinkt hiel gek, want it fielt as prate je oer in oar. Mar it is in moai suksesferhaal. Fjirtjin jier lyn begûn ik as ien fan de earsten mei mobile kamerabefeiliging foar boupleatsen. Dat is wat út de hân rûn ta in bedriuw dêr't no 250 man wurkje, mei kantoaren yn sân lannen."
Oer dy namme wiene Kooi en Cambuur it gau út: "It is in moaie koarte namme. En ik bin der supergrutsk op dat sa'n prachtich stadion ús famyljenamme drage mei."
Mei dyn achternamme op it nije stadion moatst wol grut Cambuurfan wêze?
"Ik bin oer it algemien grut fuotballeafhawwer. Ik ha ek al sân jier seizoenskaarten foar Feyenoord. De topsport op himsels fyn ik prachtich.
En ik bin aktyf spyljend lid by VV Rottefalle, mar ik stean mear yn de kantine as op it fuotbalfjild. Ik tink dat de measten bliid binne dat ik net mear fuotbalje", laket Kooi.
Der is noch in sport dêr'tst dyn hert oan ferkocht hast dochs?
"Ik bin ek fanatyk yn it skûtsjesilen. Kinst wol stelle dat dat myn grutte passy is. Wy stean no yn it Sterke Jerke-kafee achter myn hûs.
It skûtsje Sterke Jerke fan Earnewâld is fan myn frou Margot en my. Wy hawwe de geweldige skipper Piter Jilles Tjoelker dy't it prestearre hat om yn de A-, de B- en C-klasse kampioen te wurden.
Ferline jier waarden wy twadde, mar takom jier hoopje wy wer foar it earste plak mei te dwaan. Simmerdeis mei de hiele ploech sile, is it moaiste wat der is."
Winner Sterke Jerke
De Sterke Jerke waard yn 2022 kampioen yn de A-klassse fan it IFKS © Omrop Fryslân
Wy giene freed mei Pieter mei op besite op de âld pleats fan heit en mem Kooi yn Aldegea, Smellingerlân, wêr't Pieter opgroeide. Heit Gerk blaast dy dy dei 66 kearskes út. Hy fertelt dat der earst in hiele oare karriêre foar Pieter yn it fersjit lei: opfolger fan de pleats.
"Mar op syn 15-jierrige leeftyd kaam er gûlend thús op it fytske. Hy sei dat er wat oars dwaan woe. Dat wie syn kar en dêr ha wy him net yn tsjinholden", fertelt heit Gerk.
pieter kooi
Pieter mei heit Gerk en syn dochter © Omrop Fryslân
Pieter syn namme sil net op de foargevel fan de pleats stean, mar de famyljenamme pronket aanst wol op in nagelnij Cambuurstadion. In moai kado, fynt Gerk: "Dêr binne wy hiel grutsk op, dat Pieter syn firma dit allegear dien hat."
Op de kast falt ynienen in sc Hearrenfean-faantsje op. Kooi syn achternamme op it stadion fan de rivalisearjende ploech, kin dat wol? "Dat is in bytsje in strikfraach. Ik fyn it fuotbal moai, mar ik ha gjin foarkar foar it ien of it oar", beslút heit Gerk.