Cambuur Sjoernaal: 'Siik' Cambuur pakt fertsjinstlik punt tsjin koprinner Willem II

Cambuur Sjoernaal Willem II
Ofbylding as yllustraasje © Dijks Media
SC Cambuur spile freedtejûn de útwedstriid tsjin Willem II. It waard in bizarre wedstriiddei foar de Ljouwerters, want de iene nei de oare spiler moast moarns ôfsizze fanwege gryp. Gelok by in ûngelok wie dat it benammen gie om wikselspilers.
Daniël van Kaam wie de iennichste basisspiler dy't siik ôfheakje moast. Spits Roberts Uldrikis ûntbruts al langer fanwege sykte. Op de bank sieten hiel jonge spilers neist trainer Henk de Jong.
Dochs wist Cambuur mei in protte ynset en goed ferdigenjen in punt te pakken tsjin koprinner Willem II. It waard 1-1. Beide ploegen krigen in penalty fan skiedsrjochter Blank dy't gjin penalty wie.
Alles oer it duel Willem II - SC Cambuur yn it Cambuur Sjoernaal: