20 boetes útdield by boereprotesten; letter dizze wike mooglik lanlike aksjedei

Boereprotesten op de A7
Trekkers blokkearren de A7 by Drachten © Anton Kappers
De plysje hat freedtejûn en -nacht goed 20 boetes útdield oan minsken dy't belutsen wiene by de boereprotesten yn Fryslân. Wêr't dy boetes krekt foar útskreaun binne, is net dúdlik.
"Wij hebben kentekens opgeschreven en gegevens genoteerd, dus dat aantal kan nog oplopen", seit in wurdfierder fan de plysje. Der is gjinien oanholden. It boereprotest is fierder rêstich ferrûn, seit in wurdfierder fan de gemeente Smellingerlân. Der hawwe gjin ynsidinten west.
Op it hichtepunt fan de aksje stie der sa'n sân oant tsien kilometer file op de A7 tusken Drachten en Mearum yn Grinslân. Ferkear fan Grins nei It Hearrenfean waard omlaat oer de Wâldwei en de A32 oer Ljouwert. Om 1.00 oere nachts hinne wie de aksje ôflast en wie de autodyk wer frij.

Aksje let oankundige

De aksjeoprop kaam frij let, fertelt ferslachjouwer Onno Falkena: "De aksje waard oankundige troch Farmers Defence Force mei de kop 'It giet oan'." Der waard oproppen om te sammeljen op ferskate lokaasjes by de A7 del, lykas by Drachten, It Hearrenfean, De Jouwer, Snits, Boalsert en Surch.
By Surch wie it minder drok. "Der binne in pear al fuortriden. Dat is in bytsje spitich", sei boer Ype Kikstra dêr. "Ik tink dat de aksjereeëns wol no wat sakket. It leauwen yn dizze regearing is der fansels net. By in hiel soad boeren is de frustraasje hiel grut. Ik ha it gefoel dat de polityk it paad hielendal kwyt is."
Oft it protest helpe sil, fynt Kikstra lestich te sizzen. Hy foege him dêrnei by syn kollega's yn Boalsert, dêr't de opkomst grutter wie. "Wat it plan dêr is, kin ik net sizze.
Boereprotesten op de A7
De plysje hat goed 20 boetes útdield © CAMJO media
It wie de bedoeling dat de protestearders de nacht trochhelje soene op de A7, ynspirearre troch boeren yn Frankryk, Dútslân en België dy't mei kessen en sliepsek yn de kabine fan de trekker oernachten. Mar yn de lytse oerkes losten de trekkers dochs op.
Farmers Defence Force seit dat der letter dizze wike in grutte nasjonale aksjedei komt. "Sy binne dudlik bot ynspirearre troch kollega's yn buorlannen", seit ferslachjouwer Onno Falkena. "Dy hâlde it protest dagenlang fol. Dêr is respekt foar."
Oft der fan it wykein opnij protesten ferwachte wurde, kin de plysje net sizze. "Nu staat er niks, maar wij zijn altijd voorbereid. Demonstreren mag natuurlijk, maar als er regels worden overtreden dan zullen wij erheen gaan."