Twangarbeiders, it meast ûnderbeljochte ferhaal fan de Twadde Wrâldoarloch

Gerk Koopmans reizget nei Tarnowiec
Gerk Koopmans reizget nei Tarnowiec © Omrop Fryslân
Yn de Twadde Wrâldoarloch binne mear as 400.000 manlju ûnder twang oan it wurk set yn Dútslân. En ek al hawwe sa'n soad famyljes te krijen hân mei dizze Arbeitseinsatz, it is in ûnderwerp dat hast net beljochte wurd as der oer de Twadde Wrâldoarloch sprutsen wurdt.
It ferhaal fan Johannes Koopmans, ropnamme Joop, moat dêr feroaring yn bringe. It is in ferhaal dat werkenber wêze sil foar bern fan minsken dy't tewurksteld binne yn de Twadde Wrâldoarloch.
Joop wurke fan syn fjirtjinde ôf as magazynwurker by Koopmans Meelfabrieken yn Ljouwert. De direksje krijt yn 1942 de opdracht 10% fan har personiel beskikber te stellen foar tewurkstelling yn Dútslân. Hy wurdt ek selektearre foar de Arbeitseinsatz, noch mar 19 jier âld.
Gerk Koopmans reiziget nei Tarnowiec
Gerk Koopmans reiziget nei Tarnowiec © Omrop Fryslân
As Joop op syn 22e thúskomt, is hy in brutsen man. Oer wat hy meimakke hat as twangarbeider wurdt nea wer sprutsen. Syn soan Gerk reizget, no 80 jier nei de oarloch, nei Tarnowiec, it plak wêr syn heit tewurksteld west hat.
Want Gerk freget him noch altyd ôf: wat is der bard yn Tarnowiec dat syn heit sa tekene hat foar de rest fan syn libben?
It ferhaal fan Joop Koopmans is de reade tried yn it FryslânDOK-twalûk 'Wat is der bard yn Tarnowiec?'. Sneon 3 febrewaris wurdt it earste diel útstjoerd op NPO2, om 15.30. Snein 4 febrewaris is de FryskânDOK by Omrop Fryslân te sjen op telefyzje. Fan 17.00 ôf elk oere. It twadde diel folget in wike letter.
Op tongersdei 8 febrewaris is der in lêzing oer dizze FryslânDOK by Tresoar. Kaarten binne fergees, mar moatte besteld wurde op www.tresoar.nl.
"De Arbeitseinsatz is yn ús oarlochsskiednis altyd ûnderbeljochte bleaun", sa fertelt Gerard van der Veer. Hy folge as dokumintêremakker Gerk op syn reis nei Tarnowiec. "Wat minsken gau ferjitte, is dat de twangarbeiders nei de Joaden de grutste groep slachtoffers binne fan de Twadde Wrâldoarloch".
"Mear as 400.000 manlju binne tewurksteld ûnder de meast erbarmlike omstannichheden en sa'n 27.000 twangarbeiders binne omkommen", sa wit Van der Veer.
Gerk Koopmans reiziget nei Tarnowiec
Gerk Koopmans reiziget nei Tarnowiec © Omrop Fryslân
Sûnt twa moannen is it ek mooglik om sels te sykjen nei tewurkstelden út de Twadde Wrâldoarloch. It Nationaal Archief hat hjir in digitaal argyf foar iepene dat yntusken al behoarlik rieplachte wurdt. "Je soene sizze kinne dat de belangstelling nei dizze skiednis grut is, mar de kennis lyts", seit Van der Veer.

Kontekst fan it systeem

Van der Veer hopet dan ek dat syn ferhaal oer Joop Koopmans in goed ynsjoch jaan sil oer wat twangarbeiders meimakke hawwe.
"Tink oan it kollektyf swije oer wat der bard is en de trauma's dy't dizze manlju en harren famylje in libben lang foarme hawwe. De reis dy't Gerk makket, jout net allinnich in byld fan wat Joop meimakke hat, mar sketst ek in gruttere kontekst fan it raffinearre systeem dat de Arbeitseinsatz wie".