Henk de Jong: "Spilers foelen by boskjes om, mar wy komme net om te seuren"

Henk de Jong Willem II Cambuur
Trainer Henk de Jong by de wedstriid tusken SC Cambuur en Willem II © Orange Pictures
SC Cambuur helle freedtejûn in punt by koprinner Willem ll yn Tilburg. Trainer Henk de Jong is foaral grutsk, om't dy dei in grypweach in grut diel fan de spilers útskeakele. "Net te leauwen", seit de trainer.
"Ast nei harren bank sjochst en ik sit mei myn jonge jonkjes, dan moatte we sintrale ferdigeners yn de spits pakke. Ik tocht: hoe moatte wy in punt pakke, kinne we miskien winne? Dat hawwe we echt goed dien."

Spilers falle by boskjes om

Doe't De Jong freedtemoarn ôfsette nei Tilburg kaam it earste telefoantsje fan de fysio. "Doe wist ik al genôch. Doe wiene it der al trije en dat groeide út nei sân."
Op de klup oankaam, blieken der noch mear slachtoffers fan it grypfirus. "Tyrique Mercera wie ek heal, mar dy koe wol mei. Dan falt it by boskjes om."

Allergyske oanfal

It gelok wie neffens De Jong dat it net allegear basisspilers wiene. "Mar krekt foar de ôftraap krige ien fan de jonges in allergyske oanfal, Matthias Nartey. Dy hat wat ferkeards hân by it iten. Dêr moast de dokter by komme, dus doe rekken we noch ien kwyt."
Henk de Jong
Milan Smit makke de iepeningsgoal. Fan gelok wol hy net sprekke dat de penalty deryn gie. "Ik heb weinig in dezelfde hoek geschoten, dat is voor de keepers moeilijk. Ik denk dat je nu wel kunt zeggen dat het kwaliteit is. Je moet gewoon met vertrouwen achter die bal gaan staan en weten wat je wil."

"Puntje is prima"

In grut komplimint hat Smit foar de ynfallers foar de siken. "De jongens op de bank hebben het heel goed ingevuld. We hebben niet heel veel weggegeven, maar ook niet veel gecreëerd. Dus ik denk dat een gelijkspel terecht is. Een puntje is prima."
Oer mooglike tranfers - der gean geroften dat FC Twente ynteresse hie - kin Smit noch neat sizze. "Ik heb het zelf ook meegekregen, maar niets gehoord."
Milan Smit
Nettsjinsteande de sikeboech bleau de fokus freed op de winst. "Wy komme net om te seuren", seit De Jong. "Se hawwe sjoen hoe't we druk krigen op harren. Dêr wienen we noch wat beskieden yn. Der hie wol mear yn sitten, mar ik kin der wol mei libje. Hoe't sy de ballen foarsette, is net te ferlykjen mei ús. In lykspul is terjochte."
Takom wike woansdei stiet de kwartfinale yn de KNVB-beker tsjin Vitesse op it programma. "We sille sneontemoarn betiid wer traine. We moatte goed belied meitsje hoe't we de boel fit krije", seit De Jong. Hy sit lykwols mei noch in sike: "It giet hiel min mei myn hûntsje. Dat is ek hiel ferfelend."