Boereprotesten yn Fryslân oer; diken binne wer frij

Trekkers blokkearje de A7 by Drachten
Trekkers blokkearje de A7 by Drachten © SRFotografie
De A7 fan Drachten nei It Hearrenfean ta wie freedtejûn blokkearre troch trekkers. It gie om demonstranten dy't sympatisearje mei de boere-aksjes dy't ek yn oare Europeeske lannen plakhawwe.
Al it ferkear yn 'e rjochting fan It Hearrenfean stiet fêst. Der stie in kolonne op de sneldyk, mei meardere trekkers breed. It ferkear yn 'e rjochting fan Grins ried noch wol in hiel lyts bytsje, mar ek dêr wie fertraging.
Nei rûzing gie it om sa'n 75 trekkers dy't op de A7 steane. Der is ek in fjoer op de sneldyk makke. De aksjefierders woene om in oere as 23.00 noch net fan de dyk ôf.
Der wie plysje oanwêzich om it ferkear dan de A7 ôf te heljen. Bestjoerders út de rjochting fan Grins wei moasten de ôfslach nei Drachten-Ljouwert nimme.
De sneldyk stiet fêst by Drachten
Mooglik soene de demonstranten fan doel wêze om yn 'e rjochting fan de Ofslútdyk te riden, mar sy stiene benammen noch stil. Der soene ek trekkers op de A31 riden wêze en op it fiadukt stiene aardich wat minsken te sjen.
Drachten is net it iennige plak yn de provinsje dêr't trekkers har sammele hiene. Yn appgroepen waard oproppen om te sammeljen op ferskate lokaasjes by de A7 del, lykas by Drachten, It Hearrenfean, De Jouwer, Snits, Boalsert en Surch.
De trekkers fan de oare kant ôf sjoen
De trekkers fan de oare kant ôf sjoen © SRFotografie
De opkomst wie earder op de jûn wol wikseljend. Sa stiene der by De Jouwer en Boalsert groepen trekkers, wylst der yn Surch noch mar ien trekker stie. Op It Hearrenfean sammelen minsken har by it distribúsjesintrum fan de Lidl.
Ut de auto wei is de fertraging goed te sjen
Op de fytsbrêge stiene tal fan minsken. "Allegearre sympatisanten fan de minsken dy't dêr steane mei harren trekkers", seit in man dy't leaver anonym bliuwe wol. "Dat hawwe dy minsken op de dyk ek nedich."
"Sa't it no giet, komt it net goed", seit er. "Wolle de minsken feilich iten hawwe, of iten út it bûtenlân dêr't je net fan witte wat der mei dien is. Dat is in grut probleem."
De Fryske boeren meie neffens him net efterbliuwe by de oare boeren yn Europa. "Eltsenien moat meidwaan. Dan moat it goedkomme. De kop der dwers foar."
Sympatisanten op de fytsbrêge by Drachten