Gripich Cambuur hâldt stân tsjin koprinner Willem II

Cambuur bliuwt oerein tsjin de koprinner
Cambuur bliuwt oerein tsjin de koprinner © Orange Pictures
SC Cambuur hat in kreas punt pakt by koprinner Willem II. Yn Tilburg einige it duel yn 1-1, wylst de Ljouwerters aardich wat spilers misten troch in grypweach.
Wat de basisploech oanbelanget, foel dat lykwols wol ta: de Ljouwerters spilen mei deselde opstelling as ôfrûne moandei tsjin TOP Oss (1-2 ferlies). De bank wie wol hiel tin beset, dêr sieten suver allinnich mar jeugdspilers.
Opstelling SC Cambuur: Van Osch; Tol, Smand, Bergsma, Poll; Van Mullem, Breij, De Jong; Balk, Smit en Anello
Nettsjinsteande de personiele problemen begûn Cambuur goed oan de wedstriid. Tommy St. Jago makke in oertrêding op Augustín Anello en skiedsrjochter Erwin Blank lei de bal op de stip. Milan Smit bleau kalm en skeat yn de sechsde minút de 0-1 op it skoareboerd.
Milan Smit fiert de iepeningsgoal
Milan Smit fiert de iepeningsgoal © Dijks Media
Nei 21 minuten gie de bal ek oan de oare kant op de stip. Neffens de assistint-skiedsrjochter soe Thomas Poll de bal tsjin de hân oan krigen hawwe nei in skot fan St. Jago. De bal like lykwols net tsjin de hân, mar tsjin syn side oan te kommen.
Mar gjin VAR yn de Keuken Kampioen Divisie en dus waard it beslút net omdraaid. De strafskop fan Thijs Oosting waard yn earste ynstânsje keard, mar yn de rebound wie it dochs raak: 1-1.
In pear minuten letter wie Cambuur tichteby in nije foarsprong. It skot fan Remco Balk waard mei muoite keard troch Willem II-doelman Joshua Smits. Oan de oare kant waard de ploech út Tilburg ek gefaarlik. Michael de Leeuw lei de bal werom op Oosting en hy skeat mar krekt njonken.

De Jong mist grutte kâns

It duel gie moai op en del en krekt foar it skoft hienen de Ljouwerters op foarsprong komme moatten. Mei in foarset besocht Balk Milan Smit te berikken. Dat waard foarkaam troch de ferdigening fan Willem II, mar dêrtroch kaam de bal wol presys foar de fuotten fan Fedde de Jong. De middenfjilder rekke de bal net goed en skeat út kânsrike posysje njonken.
Beide ploegen koenen it ferskil net meitsje yn de earste helte
Beide ploegen koenen it ferskil net meitsje yn de earste helte © Dijks Media
Willem II kaam it bêste út de klaaikeamers. Fia âld-Cambuurspiler Nick Doodeman wienen de Tilburgers ek tichteby de 2-1, mar syn ynset hold it midden tusken in skot en in foarset.
Sa wie de thúsploech it gefaarlikst, mar Cambuur wie seker ek net kânsleas. Sa wie in frije traap fan Michael Breij Smits hast te machtich, mar foar de doelman rûn it krekt goed ôf.
Yn de lêste minuten wie Willem II noch inkelde kearen tichteby de oerwinning, mar de Ljouwerter ferdigening hold stân.
Cambuur hat no 35 punten út 23 wedstriden. Dêrtroch steane de Ljouwerters foarearst achtste yn de Keuken Kampioen Divisie.