Supportersgeweld, ûntslaggen en nij sintrumplan; roerige start boargemasterskip Fokkens

Avine Fokkens yn It Polytburo
Boargemaster Avine Fokkens yn It Polytburo © Omrop Fryslân
Avine Fokkens is op de kop ôf fjouwer moannen boargemaster fan It Hearrenfean. Mei supportersgeweld yn it Abe Lenstra Stadion en ûntslaggen by twa grutte bedriuwen yn de gemeente wie it gjin rêstige begjinperioade. "Maar ik heb die reuring ook wel een beetje nodig."
Se is dan ek noch hieltyd wiis mei har beneaming. "Absoluut, het is heel mooi en heel eervol werk. Tegelijkertijd ook verantwoordelijk werk natuurlijk, maar het is ontzettend divers. Dat maakt het leuk."
Hjirfoar wie se jierrenlang deputearre. "Hiel oars", seit se. Mar sy hâldt wol fan de drokte fan it wurk fan boargemaster. "Het is geen rustig begin, nee. Het ene moment is natuurlijk leuker dan het andere, maar dat weet je van tevoren."
Avine Fokkens oer it wurk fan boargemaster
"Mijn voorloper Tjeerd van der Zwan had wel gezegd dat ik niet in een gespreid bedje zou komen. Het is wel aanpoten, ik ben blij dat ik kan sparren met wat andere mensen die al wat langer in het vak zitten."

Untslaggen

Ien fan de saken dy't foar ûnrêst soargje yn de gemeente binne de berjochten fan bedriuwen Accell en Ausnutria dat se minsken ûntslagge.
By fytsmakker Accell fan It Hearrenfean krije tusken de hûndert en hûndertfyftich minsken dien. Fokkens waard in dei foar de oankundiging op de hichte brocht. "Mijn gedachten gaan in eerste instantie uit naar de mensen die hun baan zullen verliezen. Mensen die werken soms al tientallen jaren in die fabriek, dat is hun leven. Voor hen vind ik het buitengewoon treurig."
It cv fan Avine Fokkens
It cv fan Avine Fokkens © Omrop Fryslân
By Ausnutria geane ek minsken fuort. Dochs is it effekt dêrfan foar It Hearrenfean neffens Fokkens lytser. "Bij Ausnutria is het juist zo dat elders de ontslagen vallen en dat ze nu meer in Heerenveen willen gaan centreren."
"Heerenveen is qua ligging eigenlijk zo ontzettend gunstig. We zien nog steeds dat veel bedrijven zich willen vestigen in Heerenveen, dus daar maak ik me eigenlijk niet zo veel zorgen over."
Twa grutte bedriuwen op It Hearrenfean kundigen ûntslaggen oan
Fokkens makket har wol drok om it feit dat der in protte minsken op It Hearrenfean wurkje, mar der lang net altyd wenje. "Ik vind het leuk dat al die mensen op en neer reizen naar Heerenveen, maar hoe zorg ik ervoor dat ze hun geld ook in Heerenveen uitgeven?"
Yn It Polytburo beprate presintatoaren Andries Bakker en Eric Ennema alle wiken mei in gast aktuele tema's yn de polityk. Sjoch hjir nei de folsleine útstjoering mei Avine Fokkens.
Kânsen dêrfoar sjocht se bygelyks yn it sintrum fan it grutste plak fan de gemeente. "Dat moet echt levendiger, meer horeca, meer leuke winkels en meer groen. Daar ligt een plan voor, maar dat kunnen wij financieel als gemeente niet alleen dragen. Ik zou het heel fijn vinden als ondernemers daar ook een rol in willen spelen."

Fuotbalgeweld

Dan wienen der noch de ûngeregeldheden by de wedstriid fan Hearrenfean tsjin AZ, dêr't fjoerwurk by op it fjild smiten waard. Fokkens is der net oer te sprekken en wol hurder optrede kinne tsjin fuotbalgeweld.
Fokkens wol mear foech om supportersgeweld hurder oanpakke te kinnen
It probleem sit him no benammen yn it útwikseljen fan ynformaasje, seit de boargemaster. "Als wij informatie willen uitwisselen ben je heel erg gebonden aan de privacywetgeving. Daar waar je als clubs informatie kunt uitwisselen, is dat niet altijd even eenvoudig."
Se sjocht graach dat de wetjouwing oanpast wurdt, ek al giet dat te'n koste fan privacy. "Wat ik zou willen is dat we met het uitwisselen van gegevens wat minder vast zitten. Wij zijn verantwoordelijk voor de orde buiten het stadion, de clubs binnen het stadion. Dat zou wel wat soepeler mogen. Wat ik met name ook zou willen is meer inzet van de politie."
Laat de clubs zelf bepalen wie ze wel en niet meenemen in de bus of auto.
Boargemaster Avine Fokkens
De suggestje fan sc Hearrenfean-trainer Kees van Wonderen om hielendal gjin útpublyk mear te ûntfangen, fynt se gjin goed alternatyf. "Ik begryp de emoasje dêrby. Maar op het moment dat onze spelers uit spelen vinden ze het ook fijn dat ze worden aangemoedigd."

Utpublyk selektearje

Se sjocht mear heil yn in oare oplossing. "Laat de clubs zelf bepalen wie ze wel en niet meenemen in de bus of auto." Neffens har wit de klup sels it bêste wa't by de hurde kearn heard en wa net.
Se hopet dat er op dy wize wol gewoan publyk meireizgje kin nei útwedstriden, sûnder dat dêr ûngeregeldheden by komme. "Qua sfeer is het wel leuk als er wel meer publiek in zo'n stadion zit. Maar die relschoppers, daar zit ik totaal niet op de wachten."
De cartoon fan Gerco van Beek oer Avine Fokkens
De cartoon fan Gerco van Beek oer Avine Fokkens © Omrop Fryslân