Mickey van der Hart hat gjin lêst mear fan negatyf stempel: "Maak ik me niet meer druk over"

Mickey van der Hart foar de bekerwedstriid tsjin VVV Venlo
Mickey van der Hart foar de bekerwedstriid tsjin VVV Venlo © Orange Pictures
Mickey van der Hart is de nije earste keeper fan sportklup Hearrenfean. En dat hie ek hy net tocht oan it begjin fan dit seizoen. "Die kans schatte ik toen niet hoog in."
Yn de simmer kaam Van der Hart oer fan FC Emmen nei Hearrenfean. No, 19 kompetysjewedstriden fierder, sit Andries Noppert yn de wedstriid tsjin Fortuna Sittard ynienen op de bank en stiet Van der Hart op de goal.
"De trainer gaf me veel positieve feedback. Ze zeiden dat ik er dicht tegenaan zit en dan weet je dat als Andries een mindere periode heeft, dat het moment kan gaan komen. Ik heb er echt heel veel zin in."

"Moet er klaar voor zijn"

Mar earlik is earlik, ek Van der Hart hie begjin dit seizoen dit senario ek net doarre te foarsizzen. "Andries had natuurlijk een geweldig seizoen gehad, het WK gespeeld en ze wilden zich voorbereiden voor als hij een stap zou maken. Als je me vraagt wat de percentages waren die ik toen inschatte, dan waren die niet hoog. Maar ik heb maandenlang in mijn hoofd gehad: ik moet er klaar voor moet zijn."
Mickey van der Hart
Mickey van der Hart is yntusken 29 jier en dwaande oan syn earste seizoen by sc Hearrenfean. Op syn 19e debutearre hy yn it earste fan Ajax. Yn in bekerwedstriid tsjin ASWH. Dêrnei waard hy in jier ferhierd oan Go Ahead Eagles en spile hy fiif jier foar PEC Zwolle.
"Ik heb hele mooie dingen en mindere dingen meegemaakt. Ik was jong toen ik in de eredivisie kwam. Toen heb ik een stempel gekregen dat ik niet goed genoeg was. Tja, als keeper van 20 heb je dan nog heel wat te leren. Ik maakte fouten in the picture, terwijl anderen die fouten maakten op bijvelden."

Foaroardielen

Nei dy flaters groeide Van der Hart út ta in stabile keeper, mar hy hat sels it gefoel dat hy mar net fan dat imago ôfkomt. "Ik ken heel veel jongens daar wel last van hebben gehad. Dan krijg je nou eenmaal een stempel en daar kom je dan moeilijk vanaf."
Mar no hat hy dêr gjin lêst mear fan. "Mensen hebben nou eenmaal een mening klaar. Het is vaak heel zwart-wit. Maar weet je, het is wat het is. Als je wat ouder wordt, laat je het wat makkelijker van je afglijden."
Ik heb maandenlang in mijn hoofd gehad ik er klaar voor moet zijn.
Mickey van der Hart
Nei Zwolle makke Van der Hart in transfer nei Poalen. Hy spile trije seizoenen foar Lech Poznan en wurdt sels kampioen mei dy ploech. "Daar heb ik drie fantastische jaren gehad. Waar de druk ontzettend hoog was en waar verliezen niet geaccepteerd werd."
Dêrnei woe hy graach in stap meitsje nei in oare bûtenlânske klup. "Maar dat kwam er niet van. Bij Emmen heb ik toen, ondanks de degradatie, laten zien dat ik een betrouwbare keeper ben."

Fan kampioen yn Poalen nei twadde keeper fan Hearrenfean

Emmen degradearre en doe kaam Hearrenfean. Foar Van der Hart wie it dúdlik dat hy de twadde keeper wurde soe efter Noppert. En net de earste keeper.
Ek Van der Hart hat fan tichtby mei makke dat it minder gong mei Noppert. Ek hy hat dêr mei ferbazing nei sjoen. "Ik vind Andries een goeie gast. We zijn van dezelfde leeftijd, hebben wel tegen elkaar gekeept en kennen elkaar al wat langer. Je gunt niemand zo'n periode."
"Het zit hem nu even niet mee. En aan de andere kant biedt het mij nu een kans. Ik had er ook heel veel begrip voor dat hij wat meer krediet kreeg. Andries is oud en ervaren genoeg om daar mee om te gaan."
Mickey van der Hart oer syn pake Cor
De krityk op Noppert naam de lêste wiken al ta. Sa is der in part dat fynt dat hy stean bliuwe moat en dat de âlde Noppert fansels weromkomt. Mar der binne ek guon dy't sizze dat Noppert in skoft fier boppe syn nivo spile hat en gewoan net better is.
Van der Hart: "Lekker makkelijk van buitenaf. Genuanceerde meningen verkopen nou eenmaal niet zo goed. Naar beneden toe wordt het vaak wat overdreven en als het heel goed gaat wordt het vaak ook wat overdreven. De waarheid ligt wat in het midden."
Cor van der Hart
Cor van der Hart © ANP
No mei Van der Hart it sneon yn Limboarch opnimme tsjin Foruna Sittard. Dochs wol in spesjale wedstriid, omdat syn pake spile hat foar de foargonger fan Fortuna Sittard. Cor van der Hart spile as saneamde stopperspil foar Ajax, foar Lille en 44 ynterlâns foar it Nederlânsk alvetal.
"Jazeker is dat speciaal, mijn opa heeft daar gevoetbald. Toen was het in Geleen volgens mij. Altijd als ik er ben, word ik daar door familie wel aan herinnerd. Toen ik er vorig jaar was, hing er ook een plaatje hem, dus dat is voor mij wel bijzonder."
Fan syn heit syn kant hat Van der Hart noch famylje yn Limboarch wenjen. "Het is wel een item dat je dan terugkomt op de plek waar het voor hem ooit geëindigd is."