Van Wonderen leaut noch hieltyd yn passearre Noppert: "Hij heeft enorme potentie"

Noppert op de bank njonken Van Wonderen (yn harren perioade by Go Ahead Eagles)
Noppert op de bank njonken Van Wonderen (yn harren perioade by Go Ahead Eagles) © ANP
Dat Andries Noppert nei de reservebank ferwiisd is, is trainer Kees van Wonderen net yn de kâlde klean sitten gien. "Het is echt jammer dat het niet gelukt is hem terug te krijgen op zijn oude niveau."
Tiisdei hie Van Wonderen in petear mei Noppert, wêryn't hy meidield hat dat Mickey van der Hart foarearst de earste keeper is. Neffens Van Wonderen reagearre Noppert dêrop sa't hy yn de media ek al reagearre hie. "Hij zegt dat hij ons munitie gegeven heeft om hem te passeren en dat hij het dus wel begrijpt."

Drege kar

Neffens Van Wonderen spile hy al langer mei it idee om Van der Hart in kâns te jaan. Yn earste plak ek omdat Van der Hart op de doar kloppet, mar ek omdat Noppert te folle flaters makke. Mar wat is dan krekt it momint dat je in oare keeper op goal sette?
anp
Doelmannen Andries Noppert en Mickey van der Hart © ANP
"Daar is heel moeilijk een moment voor te pakken. De één zegt: wacht even en de ander zegt: geef hem de tijd. Je probeert hem natuurlijk eerst weer op het niveau terug te krijgen. Hij had een fase dat hij minder was en foutjes maakte", seit Van Wonderen.
"Maar dan komt er een moment dat de jongen die erachter zit dusdanig op de deur klopt dat hij op het podium komt om het team te helpen."

Fan hichtepunten nei djiptepunten

Van Wonderen sette yn de jannewaris 2022 Noppert op goal by Go Ahead Eagles. Dêrnei naam er him mei nei Hearrenfean. Hy belibbe al syn hichtepunten, mar no dus ek dit djiptepunt.
Van Wonderen leit út wêrom't Noppert gjin earste keeper mear is
"Je ziet wat een enorme potentie hij heeft. En dat maakt het lastig. Het lukt hem nu niet om dat elke week te etaleren. Hij heeft natuurlijk een tijd gehad dat hij onderscheidend was, punten pakte en een goed WK speelde."
"Wat ik jammer vind, is dat het ons niet lukt om een speler op zijn beste niveau te krijgen", seit de Hearrenfeantrainer. "En vooral dat het over een langere periode niet lukt, zoals nu."
Sa hopet Van Wonderen foaral dat se der yn slagje om Noppert wer op syn âlde nivo werom te krijen. "We moeten hem de kans geven zich te herpakken. En hem helpen waar we kunnen om terug te komen naar zijn oude niveau."
Van Wonderen oer de ûnrêstige transferperioade
De transfermerk gie yn de nacht fan tongersdei op freed ticht. Hearrenfean hierde twa spilers, Nathan Tjoe-A-On en Loizos Loizou. Der gie hielendal gjin spiler fuort. Dochs wie der in soad ûnrêst om de klup hinne. Ta ergernis fan Van Wonderen.
"Ik heb deze transferperiode als storend, hinderlijk en frustrerend ervaren. Er is zoveel onrust ontstaan in de groep. Met jongens die al met één been bij een andere club waren. Dan ging het wel door, dan weer niet. Wij hadden serieuze interesse in Tjaronn Chery. Dat leek door te gaan, maar dat ging niet door. Het leidt allemaal tot onrust. En of je nou wilt of niet, dat doet toch wat met je. Daarom ben ik vorige week ook niet begonnen met Haye."

Karlsbakk giet mei Jong Hearrenfean mei

Op de lêste training foar de wedstriid stie Daniel Karlsbakk op it fjild by de beloften. Hy giet sneon net mei nei Sittard, mar mei Jong Hearrenfean mei nei Kerkrade foar in wedstriid tsjin Jong Roda JC.
anp
Daniel Karlsbakk spilet dit wykein foar Jong sc Hearrenfean © ANP
"We willen Daniel graag een hele wedstrijd laten spelen. Daar is hij gebaat bij. Want steeds invalbeurtjes of niet invallen, dat gaat hem niet helpen."

Ismaïl foar it earst by de seleksje

Dat betsjut dat de 19-jierrige Amir Ismaïl foar it earst by de seleksje sit. Ismaïl hat in heit út Tunesië en in mem út Grinslân. Hy hat ek fiif jier yn Tunesië wenne. Dêrnei kaam hy nei It Hearrenfean, mar hy fuotballe by ONS Snits. Yn 2021 kaam hy nei de jeugd fan Hearrenfean.
Yn de tarieding fan it seizoen 2022/2023 spile hy alris mei yn in oefenwedstriid tsjin RWDM. "Het is een grote, sterke, energieke jongen, waar je nooit tegen hoeft te zeggen doe nou eens je best. Die steekt een hoop energie in de wedstrijd. En dan verdien je deze stap."
Ismaïl komt as spits by de seleksje, omdat njonken Karlsbakk Ion Nicolaescu der net by is. De Moldaviër is noch altyd blessearre. Ek Loizou sit foar it earst by de seleksje. De 20-jierrige fleugeloanfaller kaam dizze wike oer fan Omonia Nicosia út Syprus.