IM easket wurkstraf tsjin feroarsaker swier ûngelok Damwâld

ungelok damwald
It ûngelok yn Damwâld © CAMJO Media
It Iepenbier Ministearje hat in wurkstraf easke tsjin in minderjierrige jonge dy't yn 2022 in swier ûngelok feroarsake hat yn Damwâld.
It ynsidint barde yn de nacht fan 10 op 11 desimber 2022. De jonge wie doe 15 jier en hie dus gjin rydbewiis. Dochs besleat hy om mei in auto fan Broeksterwâld nei Dokkum te riden om in freon op te heljen. De jonge hie boppedat alkohol op.

Ravaazje

Op de krusing fan de Haadwei, Doniawei en Foarwei yn Damwâld komt de jonge in oare auto tsjin. De bestjoerder fan dy auto hie foarrang, mar dat krige hy net. Der ûntstie in botsing mei in grutte ravaazje as gefolch. Twa parkearre auto's en in motor waarden ek rekke en waarden total loss ferklearre.
In Kollumer dy't doe 22 wie, rekke slim ferwûne by it ûngelok. Hy moast meardere operaasjes ûndergean en moat lang refalidearje.

Fierstente hurd

De minderjierrige jonge feroarsake net allinnich de botsing. Underweis oertrêde hy meardere ferkearsregels. Sa ried hy 100 kilometer yn it oere op in plak dêr't 30 tastien is. Fierder brûkte hy syn telefoan wylst er oan it riden wie.
Njonken de wurkstraf hat de offisier in 'beperkte voorwaardelijke jeugddetentie' oplein. Ek waard der in rydûntsizzing ûnder betingst tsjin him easke. De rjochtbank docht oer twa wiken útspraak.