63 ton swiere walfisk lang om let ferpleatst: "Het was een miscalculatie"

Walfisk Amelân
Walfisk It Amelân ferpleatst © Omrop Fryslân
It hat efkes duorre, mar de betonnen walfisk foar it Natuurmuseum op It Amelân stiet lang om let op syn nije plakje. De ferpleatsing fan it bist stie al wiken op de aginda, mar waard meardere kearen útsteld.
Earst koe de ferpleatsing net trochgean troch te hurde wyn, letter trochdat it gefaarte better ferankere en swierder bliek as ferwachte.
De walfisk wurd ferpleatst om romte te meitsjen foar in werynrjochting fan it parkearterrein fan it museum. Ek al skoot hy mar in pear meter op, mei 18,8 meter lang en 63.000 kilo swier is it in grutte ûndernimming.
"We hebben kranen van 230 ton erbij, die zijn allemaal met de boot gekomen gisteravond", fertelt Willem Beijaard, direkteur Amelanner musea.
Sjoch hjir hoe't de 63.000 kilo swiere walfisk ferpleatst waard
Dy 63 ton, dat wie nochal in ferrassing. Earder waard it gewicht rûsd op sa'n 15.000 kilo. By de earste kear besykjen, die bliken dat de walfisk dochs wat swierder wie: 18.000 kilo.
Mar ek dat kloppe net, seit Beijaard "We hebben ons verrekend op de huid van de constructie, die uit betonplaten bestaat Die bleek toch behoorlijk wat zwaarder."
De betonnen walfisk stiet sûnt 1997 foar it Natuermuseum op It Amelân, ta eare fan in doedestiids nije eksposysjeromte. Yn de búk fan de fisk is in skelet fan in finfisk te sjen.
De kaken en harsenplasse komme fan in eksimplaar dat yn 1914 by Katwijk oanspielde. De rest is fan ien dy't yn itselde jier by Wisselkeerke oanspielde.
Yn april waard de walfisk noch restaurearre mei spuitbeton. Ek krige hy in nij likje ferve.