Fryslân no ek oan de fleksflitser: de earste stiet yn it noardeasten

De earste fleksflitspeal fan Fryslân tusken Boerum en Bûtenpost
De earste fleksflitspeal fan Fryslân tusken Boerum en Bûtenpost © RTV NOF
De earste fleksflitspeal fan Fryslân is in feit. Sûnt freedtemoarn stiet der sa'n flitspeal by de N355 by Boerum del.
Earder stie der al wolris sa'n Flexflitser ticht by de Fryske grins, by Sebaldebuorren yn Grinslân. De ferpleatsbere flitspeallen binne bedoeld om auto's op de provinsjale N-diken op guon plakken minder hurd ride te litten.
De flitser dy't no opsteld stiet tusken Bûtenpost en Boerum bliuwt dêr yn elk gefal twa moannen stean. It idee fan dizze nije peallen is dat se hieltyd wer op in oar plak komme te stean.
deputearre steaten
Deputearre Matthijs de Vries © Provinsje Fryslân
"It is in mobile flitser, dy't op ferskate plakken yn ús provinsje stiet", seit deputearre Matthijs de Vries. Der komt ynkoarten noch sa'n fleksflitspeal by yn Fryslân. "De twa fleksflitsers ferhúzje troch de provinsje hinne."
Der binne op basis fan ferskate kriteria lokaasjes útkeazen foar de peallen, seit De Vries. "Wy ha noch in pear plakken, lykas by Bitgummole, Surhuzum en Droegeham. Dat binne de plakken dêr't dizze peal ek komt te stean." It idee is lykwols dat net bekend makke wurdt wannear't de peal op in bepaald plak stiet.
De earste fleksflitspeal fan Fryslân tusken Boerum en Bûtenpost
Hjir stiet de earste Flexflitser fan Fryslân © RTV NOF
Yn Nederlân binne op it stuit tritich fan dizze ferpleatsbere flitspeallen aktyf. It Iepenbier Ministearje wol dat der yn 2025 hûndert fan dizze peallen operasjoneel binne.
Dat betsjut dat der ek yn Fryslân mear peallen by komme kinne. "Dy mooglikheid is der wol", seit De Vries. "Sterker noch, der komt ek noch in oar soarte fan flitser nei Fryslân ta, dit jier of takom jier. Dat is in saneamde fokusflitser, dy sjocht meinammen nei it gebrûk fan de telefoan yn de auto. Dat kin mei de fleksflitser net."