Learlingen rydskoalle Hurdegaryp fiele har oplicht: "Nooit meer iets van hem vernomen"

Autorijschool van Buuren
Autorijschool Van Buuren © RTV NOF
Meardere learlingen fan rydskoalle Van Buuren yn Hurdegaryp binne oplicht troch de eigener. De ynstrukteur lit al tiden neat mear fan him hearre, wylst learlingen noch lessen tegoede hawwe of noch ôfride moatte.
De rydskoalle yn Hurdegaryp is spesjalisearre yn lesjaan oan minsken mei autisme of ADHD. De learlingen sitte al moannen yn ûnwissigens.

Bedriuw bestiet net mear

It docht bliken dat it bedriuw sûnt july ferline jier offisjeel net mear bestiet, neffens it hannelsregister fan de Kamer van Koophandel. Learlingen en âlden moatte lykwols noch jild weromkrije fan de eigener.
In oare ynstrukteur, dy't earder foar de rydskoalle wurke en no sels rydlessen jout, hat anonym it ien en oar ferteld oan RTV NOF. Sy wurdt sels al hast in heal jier lestich fallen mei telefoantsjes fan learlingen, dy't harren jild werom hawwe wolle of kleie oer it net neikommen fan ôfspraken.
kamer van koophandel stock
Kamer van Koophandel © Omrop Fryslân
Har gegevens steane noch op de webside fan de rydskoalle, wylst se - foardat de rydskoalle útskreaun waard by de KvK - yn har eigen wurden "vreedzaam" fuortgien is. Sy fertelt dat it har ek net slagget om kontakt te krijen mei de haadynstrukteur.
Sy seit dat se it in kwealike saak fynt dat it fertrouwen fan dizze jongeren mei autisme en ADHD skeind wurdt. "Leerlingen hebben al meer moeite om hun rijbewijs te halen, en als ze dan al speciaal bij hem hiervoor komen is het voor de leerlingen wel moeilijker om verder te gaan."

Dupearren

Nei oanlieding fan it ferhaal fan RTV NOF hawwe harren noch folle mear dupearren meld by harren redaksje. De ferhalen komme út Burgum, Holwert en Hurdegaryp. Allegearre hiene de learlingen noch lessen tegoede en is der ynienen gjin kontakt mear mei de ynstrukteur.
De heit fan in jonge dy't dôf is hat him ek meld. De jonge hat foar 1500 euro oan lessen hân, mar koe net ôfride.
Learlingen krije gjin kontakt mear mei rydskoalle út Hurdegaryp
In oare dupearre learling is Marcel Bouius fan Feanwâlden. Hy hat nei it keapjen fan in lespakket fan fiifhûndert euro mar ien les folge. "Hierna moest zijn auto naar de garage. Nadat dat gebeurd is, heb ik nooit meer iets van hem vernomen," fertelt er.
Net allinnich Marcel syn heit, mar ek oare famyljeleden hawwe besocht de eigener te berikken, sûnder sukses. Op sosjale media kleie meardere âlden oer it gebrek oan kontakt mei de rydskoalle. Se melde bygelyks ek dat de rydskoalle net opdaagjen kaam op de dei fan it ôfriden. By it CBR wisten se ek fan neat.
Marcel wol syn jild graach werom hawwe en ferwachtet ek ekskuzes. As dat der net komt skeakelet er de plysje yn. De rydynstrukteur sels wurdt noch geregeld sjoen yn ien fan syn auto's. Dizze wike soe er noch yn Ljouwert en Hurdegaryp sjoen wêze. Learlingen plakke út wanhoop briefkes op de lesauto's om kontakt te krijen, oant no ta sûnder resultaat.