Liveblog | 2 febrewaris

112-nijs 2 febrewaris: Trekkers op A7 by Drachten | Op ferskate plakken yn Fryslân boereprotesten

Yn dit bloch hâlde we dy op de hichte fan it 112-nijs yn Fryslân.

Lêst bywurke: 2 febrewaris, 20:44
20:44

Op ferskate plakken yn Fryslân boereprotesten, A7 by Drachten fêst

In beskieden demonstraasje op De Jouwer
Op ferskate plakken yn de provinsje binne boeren en oare minsken oan it protestearjen. Sy sympatisearje mei de boere-aksjes dy't ek yn oare Europeeske lannen plakfine. Yn appgroepen waard oproppen om te sammeljen op ferskate lokaasjes by de A7, lyk as yn Drachten, Snits, Boalsert, Surch en op It Hearrenfean en De Jouwer.
Der is harke nei de oprop, op meardere plakken steane minsken mei trekkers, buorden en flaggen. Wol mei wikseljende opkomst: sa hawwe har op De Jouwer en by Boalsert groepen trekkers en demonstranten sammele, wylst der yn Surch noch mar ien trekker stie.

A7 blokkearre

By Drachten smyt it protest wol oerlêst op. Dêr stiet it ferkear op de A7 fêst troch de trekkers. Der soene ek guon op de A31 riden wêze en op it fiadukt steane ek minsken. Mooglik soene de demonstranten fan doel wêze om yn 'e rjochting fan de Ofslútdyk te riden.
In tal trekkers op De Jouwer
In tal trekkers op De Jouwer © CAMJO Media
20:30

Auto yn 'e groppe by Boyl

Dêr leit de auto
Dêr leit de auto © BTBfotografie
Yn Boyl is in auto yn in groppe njonken de Doldersumsestraat telâne kaam. De helptsjinsten waarden om 20.00 oere hinne oproppen. In frou wie mei de auto fan de dyk rekke en op de sydkant yn de groppe bedarre.
Foarbygongers hawwe de ynsitters opfongen en de plysje ynskeakele. Der kamen ferskate helptsjinsten, mar der hoegde gjinien nei it sikehûs. In berger sil de auto fan it plak helje.
19:11

Trekker botst tsjin auto's yn Ousterhaule

Trekker botst tsjin auto
Trekker botst tsjin auto © ProNews
In trekker en in auto binne freedtejûn mei elkoar yn botsing kaam op de Heerenweg yn Ousterhaule. Dêrnei ried de trekker ek noch tsjin in parkearre auto oan.
De autobestjoerder is der troch de helptsjinsten úthelle. In oare ynsitter is troch ambulânsepersoniel behannele.
Hoe't it ûngelok krekt barre koe, is net bekend.
15:41

Auto rôlet it wetter yn yn Drachten

Auto rôlet it wetter yn yn Drachten
Auto bedarret yn it wetter © SRFotografie
Yn Drachten is in buske it wetter yn rôle. Helptsjinsten waarden oproppen, mar hoegden net yn aksje te kommen. De auto wie fan it hiem ôfrôle en yn it wetter bedarre. In berger sil de auto wer op de wâl sette.
15:34

Wurkstraf easke tsjin feroarsaker fan swier ûngelok

Tsjin in minderjierrige jonge dy't yn 2022 in swier ûngelok feroarsake is in wurkstraf easke. It ûngelok barde yn de nacht fan 10 op 11 desimber yn 2022. De jonge wie doe 15 jier en hie dus gjin rydbewiis.
11:50

Oanhâlding om drugshannel Ljouwert

De Ljouwerter plysje hat in man (45) oanholden op fertinking fan hannel yn harddrugs en it wytwaskjen fan jild. Under oare op basis fan anonime meldingen begûn de plysje mei in ûndersyk nei in gebou oan de Oostergrachtswal yn Ljouwert.
Dêr seach de plysje dat de man kontakten hie mei brûkers fan harddrugs en dus holden se him oan. Doe hie er ferdôvjende middels by him, meldt de plysje. Yn it hûs waard sa'n 12.000 euro fûn, en kokaïne, heroïne en in baltsjespistoal. Al it guod is ynnaam.