Sukses waard in probleem: fertsjinje oan dyn sinnepanielen kin aanst mooglik net mear

Monteurs oan it wurk om sinnepanielen oan te lizzen
Monteurs oan it wurk om sinnepanielen oan te lizzen © ANP
De Earste Keamer praat hjoed oer de saldearringsregeling. De grutte fraach is oft de senaat in streek set troch de regeling dy't minsken mei sinnepanielen in finansjeel foardiel jout.
De Twadde Keamer is al akkoart mei it ôfskaffen fan de regeling, it wurd is no oan de Earste Keamer.
Mocht it dien wêze mei de saldearringsregeling, dan geane mear as 100.000 Fryske sinnepanielbesitters der finansjeel op achterút.

Wat is de saldearringsregeling?

Mei sinnepanielen generearrest stroom dy'tst sels yn hûs brûke kinst. Foar elke kWh dyt'st brûkst, kinst ien ôfstreekje dyt'st sels opwekt hast. Dat giet tsjin itselde bedrach de kWh.
Yn dat bedrach binne ek it leveringstaryf, de enerzjybelesting en de btw ferwurke. Dit wurdt saldearje neamd. Do kinst net mear saldearje as dyn eigen jierlikse ferbrûk.
Hâldst ûnderoan de streek stroom oer, dan giet dy ek nei it stroomnet. Dêr krijst in fergoeding foar dyt'st yn dyn kontrakt ôfpraat hast mei dyn enerzjyleveransier. Op dizze wize profitearrest altyd fan de stroom dy't dyn sinnepanielen opwekke, ek al brûkst de stroom net sels.
De fergoedingsregeling begûn yn 2004 en wie bedoeld om minsken oan de sinnepanielen te krijen. Dy wiene doe noch flink prizich en it rendemint wie ek noch net echt bewiisd. It waard in sukses, wat langer wat mear partikulieren lieten sinnepanielen ynstallearje.

It sukses waard in probleem

Mei de groei fan it oantal panielen ûntstiene der ek problemen. It regear seach dat it flink wat enerzjybelesting misrûn.
Dêrnjonken seine kritisy dat minsken sûnder sinnepanielen de dupe fan de regeling waarden: minsken mei panielen fertsjinje deroan en de enerzjyleveransiers meitsje der ferlies op. De ferliezen wurde ferdield oer alle klanten fan in leveransier, dus ek oer de klant sûnder sinnepanielen.
En dan wurdt der tsjintwurdich ek nochris safolle griene stroom weromlevere dat it elektrisiteitsnet it net mear oan kin. Om dizze redenen is de de saldearringsregeling ûnder druk komme te stean.
Monteurs lizze sinnepanielen op it dak
Monteurs lizze sinnepanielen op it dak © ANP
Ek yn Fryslân groeit it tal minsken dat sinnepanielen oanskaft foar op it dak fan it hûs, de skuorre of de garaazje.
Ferline jier leine der op goed 122.000 huzen yn de provinsje sinnepanielen, sa docht bliken út sifers fan it Centraal Bureau voor de Statistiek. It jier derfoar wiene it der 108.000.
Yn de lêste moannen fan 2023 rûn de fraach werom. Dat hat ûnder oare te krijen mei de ûnwissigens oer de saldearringsregeling.

Polityk grypt yn

Nei jierren fan politike diskusje gie in mearderheid fan de Twadde Keamer ferline jier akkoart mei it ôfbouwen fan de saldearringsregeling.
Sagau't de wiziging fan de wet dertroch is, krije minsken alle jierren minder foar de stroom dy't se weromleverje oan it net. Oer sân jier moat dat werombrocht wêze nei nul.
Sinnepanielen op in dak
Sinnepanielen op in dak © ANP
Der binne sawol foar- as tsjinstanners fan it ôfskaffen fan de saldearringsregeling. Fansels wolle sinnepanielbesitters it leafst dat se har finansjele foardiel hâlde. En wolle minsken sûnder sinnepanielen leaver net meibetelje oan dat foardiel.
Mar ek oare partijen hawwe der wat oer sein. In tal brânsjferieningen op it mêd fan enerzjy ropt de Earste Keamer op om foar it ôfskaffen te stimmen. Se fine dat de regeling syn wurk dien hat en net mear hâldber is. Foaral om dat it stroomnet it net mear oankin.

"Dúdliker regeling nedich"

Mar organisaasjes lykas Aedes (de de koepel fan ferhierders), Vereniging Eigen Huis, Consumentenbond en Vereniging van Nederlandse Gemeenten freegje de Earste Keamer om it wetsfoarstel net te stypjen.
Se binne benaud dat mei alle ûnwissichheden minsken no gjin sinnepanielen mear oanskaffe wolle. De organisaasjes binne net tsjin it ôfbouwen fan de saldearringsregeling, mar pleitsje foar in dúdlikere regeling mei dêryn in minimumfergoeding foar it weromleverjen fan stroom.
Mei in app kinst sjen hoefolle stroom der weromlevere wurdt
Mei in app kinst sjen hoefolle stroom der weromlevere wurdt © ANP
Mei de feroare politike ferhâldingen yn Den Haag is it noch mar de fraach hoe't de Earste Keamer stimme sil. Yn de Twadde Keamer fan foar de ferkiezingen stimden bygelyks VVD, D66 en it CDA foar it ôfbouwen fan de regeling.
Mar de tsjinstimmers, wêrûnder de BBB en PvdA en GrienLinks (doe noch twa fraksjes, no lûke PvdA en GrienLinks tegearre op) binne yn de Earste Keamer yn de mearderheid.
Dat hoecht neat te sizzen, want de Earste Keamer makket altyd in eigen ôfwaging. By it stimmen oer de spriedingswet bygelyks, doe makken VVD-senatoaren in oare kar as de fraksje yn de Twadde Keamer.