Liveblog | 5 febrewaris

Kok wint lêste 500 meter | Brûns foar fjildrydster Bentveld op WK beloften

Yn dit bloch hâlde wy dy op de hichte fan it lêste nijs oangeande de sport yn Fryslân.

Lêst bywurke: 5 febrewaris, 06:09
moandei 5 febrewaris
06:09

Groenewoud falt

Op it lêste ûnderdiel fan it wrâldbekerwykein, de massastart foar froulju, wie der gjin Frysk sukses. In kopgroep fan sân outsiders ried fuort by de favoriten en koenen sa om de oerwinning stride. Marijke Groenewoud, fan Grou, foel yn de lêste ronde. In blessuere rûn se net op.
De oerwinning gong, foar it earst, nei Sandrine Tas út België.

Utslach massastart

Punten
1. Sandrine Tas (BEL) 60
2. Ramona Härdi (SWI) 43
3. Michelle Uhrig (GER) 24
15. Marijke Groenewoud (NED)
De twa Kanadese rydsters, Valerie Maltais en Ivanie Blondin, lieten de kopgroep gean. Dat wie taktyk, want dêrtroch koe Irene Schouten de koprinners yn it klassemint om de wrâldbeker net mear foarby. Dy einoerwinning wie foar Maltais.

Klassemint massastart

Punten
1. Valerie Maltais (CAN) 263
2. Ivanie Blondin (CAN) 257
3. Irene Schouten (NED) 248
10. Marijke Groenewoud (NED) 183
06:02

Kok wint 500 meter

anp
Femke Kok op de 500 meter yn Québec © ANP
Femke Kok hat de lêste 500 meter fan it wrâldbekerseizoen wûn. Yn it Kanadeeske Québec ried de Nijbeetse nei in tiid fan 37,71, ien hûndertste stadiger as in dei earder. Doe wie de tiid goed foar it twadde plak, no pakte Kok dus it goud.
Kim Min-sun, dy't earder dit wykein noch de rapste wie, waard no twadde yn 37,91. flak foar Erin Jackson.

Utslach 500 meter

Tiid
1. Femke Kok (NED) 37,71
2. Kim Min-sun (KOR) 37,91
3. Erin Jackson (USA) 37,94
6. Marrit Fledderus (NED) 38,32
De Amerikaanse wûn wol it wrâldbekerklassemint. Se hie al in grutte marzje en nettsjinsteande it feit dat Kim en Kok dit wykein de earste en twadde plakken ynnamen, behold Jackson har foarsprong yn it klassemint.

Klassemint 500 meter

Punten
1. Erin Jackson (USA) 522
2. Kim Min-sun (KOR) 514
3. Femke Kok (NED) 447
5. Marrit Fledderus (NED) 362
21:11

Gjin medalje foar Groenewoud op 1500 meter

By de wrâldbekerwedstriden yn Quebec yn Kanada is Marijke Groenewoud as fiifde einige op de 1500 meter. Har tiid fan 1.57,27 wie net genôch foar in poadiumplak. De Ingelsk-Fryske Ellia Smeding waard santjinde yn 1.59,47.
De winst gie nei Joy Beune (1.55,50), foar Mei Han út Sina (1.56,39) en Melissa Wijfje (1.56,89).
snein 4 febrewaris
19:40

Darter Bottenberg bliuwt 4.000 man foar

Jarno Bottenberg fan Drachten hat yn Assen it manljustoernoai fan de Dutch Open Darts wûn. Yn de finale wie hy mei 3-2 te sterk foar Wesley Plaisier.

In tige bysûndere prestaasje. Der dogge hast 4.000 manlju mei oan dit grutste darttoernoai fan de wrâld. Hy is de earste Fries ea dy't dit prestearret.

Danny Noppert wie der yn 2016 tichteby. Hy ferlear de finale doe fan Martin Adams.
15:58

Puntsje foar Feanfroulju

De froulju fan sc Hearrenfean ha sneintemiddei mei 0-0 gelyk spile tsjin FC Utrecht. In knap punt, want Utrecht is de nûmer seis fan de earedivyzje.
Hearrenfean hat net in soad oan it punt, de ploech bliuwt hikkesluter yn de earedivyzje.
13:40

Brûns foar fjildrydster Bentveld op WK foar beloften

leonie bentveld wk fjildriden
Leonie Bentveld (achter) waard tredde op it WK fjildriden foar beloften © ANP
Fjildrydster Leonie Bentveld hat op it WK yn it Tsjechyske Tabor in brûnzen plak ferôvere by de beloften. Yn de striid om it sulver wie Kristyna Zemanova krekt te sterk foar Bentveld. De 19-jierrige Burgumse joech 55 sekonden ta op de winnares Zoe Bäckstedt.
Ferline jier ried Bentveld it WK noch by de junioaren. Doe waard se twadde.
In jier lyn wûn Bentveld it Nederlânsk kampioenskip by de beloften en waard sy wrâldkampioene yn de mixed relay.