Nyck de Vries moat helte fan salaris yn Formule 1 ôfstean oan ynvestearder

orange
Nyck de Vries yn syn tiid yn de Formule 1 © Orange Pictures
In finansjele ôffaller foar Formule E-koereur Nyck de Vries. Hy moat de helte fan it salaris dat er yn de Formule 1 fertsjinne hat ôfstean oan ûndernimmer Jeroen Schothorst. Hy liende jild oan De Vries.
De rjochtbank yn Amsterdam stelde Schothorst woansdei yn it gelyk.
Schothorst hat yn april 2018 in bedrach fan 250.000 euro liend oan De Vries, de koereur fan Twellingea. Troch dat jild koe er dat seizoen dielnimme oan de Formule 2. De úteinlike bedoeling fan it jild wie om foar ein 2022 oan de Formule 1 mei te dwaan.
Soe dat barre, dan soe De Vries 50 prosint fan syn ynkomsten oan it bedriuw fan Schothorst, Investrand, jaan moatte. As er dat foar de ein fan 2022 net helle, wie De Vries neat ferskuldige, sa stie yn de ôfspraak.

Reservekoereur

De Vries kaam yn 2023 by it raceteam fan Alpha-Tauri. Hy tocht dus dat de liening frijskatten waard en syn salaris hielendal fan him wie. Dêr hie Investrand lykwols in oare miening oer. Yn it jier 2022 ried De Vries nammentlik al wol mei yn de Formule 1 as reservekoereur. Yn de Grand-Prix fan Italië makke er dat jier syn Formule 1-debút as ferfanger fan Alexander Albon by Williams.
It betsjut dat De Vries de liening fan 250.000 euro mei rinte werombetelje moat plus 50 prosint fan syn salaris by Alpha-Tauri en syn ynkomsten fan persoanlike sponsoaren fertsjinne nei de ein fan 2022.
Schothorst seit yn in reaksje op de útkomst fan de saak: "We hebben Nyck op een cruciaal moment in zijn carrière ondersteund, toen niemand anders dat meer wilde doen. Ik ben blij dat we nu door de rechter in het gelijk gesteld zijn al betreur ik natuurlijk dat deze procedure nodig was."