Ried Noardeast wol trije lokaasjes ûndersykje foar azc yn Dokkum

asylsikers
Ofbylding as yllustraasje © Shutterstock
De gemeenteried fan Noardeast-Fryslân giet akkoart mei in lokaasje-ûndersyk nei trije lokaasjes yn Dokkum foar in azc mei 250 plakken.
Dat is de útkomst fan de stimming yn de ried tongersdeitejûn. It foarstel fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders krige de stipe fan santjin riedsleden, alve wienen tsjin.
Direkte omwenners fan de trije - noch te bepalen - plakken wurde útnûge foar in besletten gearkomste. It is de bedoeling dat yn maart of april in definityf beslút naam wurdt oer it wol of net trochgean fan it proses.
Earder hat der al in gemeentebreed ûndersyk nei draachflak foar it azc west. Krekt wat minder as 40 prosint fan de ynwenners reagearre op it ûndersyk. Fan harren wie 60 prosint negatyf oer de komst fan in azc.

"Draachflak wurdt nei ferrin fan tiid grutter"

Boargemaster Johannes Kramer sei earder dat him dat net ferrast. "Je witte dat as der earne in azc komt, dat der dan wjerstân is en it draachflak net hiel grut is. Nei ferrin fan tiid wurdt dat wol better."
Mochten de plannen foar in nij azc trochgean, dan sil dy lokaasje noch net direkt klear foar gebrûk wêze, ferwachtet Kramer. "Net foar de simmer."
Noardeast-Fryslân is op it stuit ien fan de njoggen Fryske gemeenten dy't gjin asylsikers opfange.