Yn Frjentsjer berne Pia Dijkstra tydlik minister fan Medyske Soarch

Pia Dijkstra
Pia Dijkstra © ANP
Pia Dijkstra (D66) is tydlik de minister fan Medyske Soarch. Dijkstra, dy't yn Frjentsjer berne waard, folget partijgenoat Ernst Kuipers op.
Se nimt alle ûnderwerpen oer dêr't Kuipers him ek mei dwaande hold. Dat is net it folsleine ministearje fan Folkssûnens, want dy ferantwurdlikheid is yn hannen fan Conny Helder.
Dijkstra hat mear as tsien jier Keamerlid west foar D66. Se fierde it wurd oer folkssûnens en medyske etyk en wie ûnder mear de driuwende krêft efter de donorwet. Dy komt derop del dat immen dy't net oanjout dat er gjin orgaandonor wêze wol, dat dan automatysk wol is.