Noch gjin Wormgoor by Cambuur, ek Uldrikis mist duel mei koprinner Willem ll

Vito Wormgoor, SC Cambuur
Vito Wormgoor docht tsjin Willem ll noch net mei © Dijks Fotografie
Yn stee fan mei SC Cambuur op besite te gean by koprinner Willem ll, sil Vito Wormgoor freed traine yn Ljouwert. De nije ferdigener is noch net wedstriidfit en moat syn debút útstelle.
Henk de Jong hopet dat Wormgoor nije wike foar it earst op de reservebank sitte kin. De trainer is bliid mei it fêstlizzen fan de 35-jierrige rûtinier. "We ha efkes help nedich yn hoe't we saken ferdigenjend dogge. En in stikje organisaasje yn it team. Ik tink dat Vito dat kin en hy lit it no ek al sjen."

Uldrikis 'bot siik'

Wormgoor is net de iennige dy't ûntbrekt by Cambuur yn de wedstriid tsjin Willem ll. Ek Roberts Uldrikis is der net by. De spits is noch hieltyd 'bot siik' neffens De Jong. Om dy reden miste de Let ôfrûne moandei ek de wedstriid tsjin TOP Oss.
Der feroaret yn ferliking mei dat duel noch wat yn de opstelling. Agustín Anello is noch net fit genôch om wer yn de basis te starten. Dêrtroch skoot Michael Breij fan it middenfjild nei de oanfal. Dat kreëarret yn de middelste liny in plak foar oanfierder Daniël van Kaam, dy't moandei tsjin TOP Oss noch op de bank siet. Anello kin wol ynfalle.
Henk de Jong mist Uldrikis en Wormgoor tsjin Willem ll
Willem ll is de koprinner fan de earste divyzje. De ploech stiet seis punten boppe nûmer twa Roda JC. Wat opfalt by de Tilburgers, is dat it in folwoeksen ploech is. "We sille it dêr dreech krije", wit De Jong. "Mar meastal dogge we it wol goed yn ditsoarte wedstriden. Dan krigest sels wat mear romte om mei faasje te spyljen."
Dêr't Cambuur it tsjin de leechfleaners dreech hat, dogge de Ljouwerters it faak better tsjin goeie ploegen. De thúswedstriid fan moandei tsjin TOP Oss, dy't mei 2-1 ferlern waard, wie sa'n foarbyld fan in mispear tsjin in mindere klup.
Yn sokke wedstriden ûntbrekt it Cambuur oan ynventiviteit, sjocht De Jong. "Wy moatte der nei ta dat we ek kreativer wurde. Dêr ha we it hiele seizoen al muoite mei."

Van der Water en El Hilali fuort

Yn septimber wûn Cambuur thús mei 1-0 fan Willem ll, dat doe flink yn de nederklits siet. Mar ûnder de nije Belgyske trainer Peter Maes binne se opklommen. Yn it foarige duel waard Youns El Hilali de matchwinner.
Youns El Hilali wie noch matchwinner by de foarige wedstriid tusken Cambuur en Willem II
Youns El Hilali wie noch matchwinner by de foarige wedstriid tusken Cambuur en Willem II © Dijks Media
Tongersdei makke Cambuur bekend dat de Italiaan it kommende healjier ferhierd wurdt oan FC Arzignano Valchiampo yn syn heitelân. Dy klup spilet yn de Serie C. Ek foar Silvester van der Water is in oplossing fûn: hy sil ferhierd wurde oan PEC Zwolle.
De Jong is bliid dat der foar harren in oplossing fûn is: "It is hartstikke goed foar dy jonges en foar ús. Youns moat fuotbalje. Ik tink dat dat goed is. Ik ha sels kontakt hân mei Johnny (Jansen, de trainer fan PEC Zwolle, red.). Ik ha earlik sein hoe't it is. Ik tink dat Silvester dêr hiel goed past mei de âldere jonges dêr."
Henk de Jong sjocht twa spilers fuortgean by Cambuur
De Cambuurtrainer is bliid dat de transferperioade der hast op sit. Trochdat de klup op dit stuit sûnder technysk direkteur sit, komme der ekstra taken by. "Dat is hektysk", jout De Jong ta. "It giet fan moarns oant jûns troch. Tuskentroch dochst fan alles en fljochst hinne en wer. It is ek passe en mjitte om te sjen wat der kin."
Tongersdei om middernacht slút de transfermerk en kinne klups gjin spilers mear ferkeapje en keapje. Allinnich spilers dy't sûnder klup sitte, kinne dan noch binnen helle wurde. "Ik bin wol bliid dat it aanst klear is", seit De Jong.
SC Cambuur en Willem ll traapje freed om 20.00 oere ôf yn Tilburg. It is live te folgjen by Omrop Fryslân op 'e radio yn in ekstra sportprogramma. Dat set om 19.45 oere útein. Ut it Koning Willem II stadion wei komt it kommentaar fan sportferslachjouwer Andor Faber.