Foars mear kankerpasjinten yn de takomst: "Wetenschap maakt kleine stappen"

kanker, scan
Een CT-scan op de afdeling oncologie © ANP
It totale tal kankerpasjinten sil yn 2050 mei 77 prosint tanaam wêze. Dat ferwachtet de Wrâldsûnensorganisaasje. Onkolooch Joeri Douma fan it MCL wiist trije saken oan dy't we oanpakke kinne: alkohol, smoke, oergewicht. "Maar", beklammet er, "kanker laat zich niet voorspellen."
Snein is it Wrâldkankerdei. Op dy dei wurdt it ljocht skynd op de sykte dêr't sawat elkenien direkt of yndirekt mei te krijen hat. As de prognoaze fan de Wrâldsûnensorganisaasje kloppet, feroaret dat foarearst net. Sterker: yn 2050 soe it tal kankerpasjinten mei 77 prosint tanaam wêze.

Fergrizing grutste oarsaak

Dêr heart lykwols in belangrike nuânse by, leit Joeri Douma (38) út, onkolooch yn it Medisch Centrum Leeuwarden (MCL). "Vergrijzing is de voornaamste oorzaak. We worden steeds ouder. Dat betekent dat er ook meer mensen zijn die kanker hebben", seit Douma. Sa klimt it absolute sifer, mar hoecht dat relatyf gjin feroaring te betsjutten.
Tal kankerpasjinten de ôfrûne desennia:
Helder is yn alle gefallen dat kanker in promininte, medyske rol spyljen bliuwt. Hoe bot, leit foar in part oan de minsken sels. It binne neffens Douma de bekende oarsaken dêr't we ynfloed op ha kinne.
Als iedereen zou stoppen met roken, betekent dat al een flinke sprong.
Joeri Douma, onkolooch MCL
Om te begjinnen: it smoken. Dat kin tolve soarten fan kanker feroarsaakje, wêrfan't longkanker de meast foarkommende is. "Als iedereen zou stoppen, betekent dat al een flinke sprong. Het is daarom mooi dat er met regels en campagnes wordt ingezet op preventie."
Op it mêd fan libbensstyl binne alkohol en oergewicht de oare twa grutte oanstichters.
roken, sigaret
Smoke kin tolve soarten kanker feroarsaakje © ANP
Oer watfoar iten en drinken kanker yn de hân wurkje kin, is noch in soad ûndúdlik. Douma seit dat it fansels ferstannich is om griente en fruit te iten. "Maar elke dag twee avocado's en kurkuma eten, wat je wel eens hoort, beschermt je niet tegen kanker. Er is geen onderzoek dat dat ondersteunt."
En hoe sit it mei bewurke iten? "Mogelijk verhoogt dat de kans op kanker. Individueel kun je dat nooit vaststellen. Maar als je naar de grote groep kijkt, zit die kans er best in."

Blue Zones

Neffens ferskate sifers komt kanker 20 prosint minder foar yn de Blue Zones. Dat binne guon plakken op de wrâld dêr't minsken mjitber langer libje. Ien fan de oarsaken soe wêze dat se der plantaardich ite.
"Dat kan inderdaad. Maar vergeet niet dat er bij het ontstaan van kanker meer risicofactoren meespelen. Denk aan vatbaarheid en de samenstelling van genen."
Denk aan een oma van 88 die haar hele leven heeft gerookt, maar toch kankervrij is.
Joeri Douma, onkolooch MCL
It kin in kwestje fan pech of gelok wêze. "Denk aan een oma van 88 die haar hele leven heeft gerookt, maar toch kankervrij is. Uiteindelijk laat kanker zich niet voorspellen."
Undertusken is de wittenskip trochrinnend dwaande mei it oanskerpjen fan de behannelmetoaden. De grutste trochbraak liket foarearst ymmúnterapy. Dat is in behanneling mei medisinen, dy't it natuerlike ôfwarsysteem helpt om kankersellen te werkennen en ferneatigjen.
"Het kan soms voor stevige bijwerkingen zorgen. Maar meestal zijn die niet zo heftig als bij chemotherapie. Dat is de andere meest gebruikte methode."
chemotherapie
Een ynfús wurdt klearmakke foar gemoterapy © ANP
Se binne kontinu dwaande mei ûndersyk, seit de onkolooch. Dêrby sneuvelje in soad metoaden yn in betiid stadium. "Wat ze nu bijvoorbeeld ook proberen, is cellen uit het lichaam halen, en africhten om de kankercellen aan te vallen. Maar ook dat staat nog in de kinderschoenen."

Mear omtinken is better

Douma is wiis mei Wrâldkankerdei. Hy sjocht dat minsken har hieltyd faker previntyf tsjekke litte. Bygelyks troch ûntlêsting kontrolearje te litten, om termkanker foar te kommen. "Door erover te praten gebeurt er meer en maken we kleine stapjes. Hoe meer aandacht voor kanker, hoe beter."