Heger berop yn grutste drugssaak yn Fryslân ea: fjirtjin fertochten foar de rjochter

anp
De gevel fan it gerjochtshôf yn Ljouwert © ANP
It is de grutste drugssaak yn Fryslân ea: de saak-Vidar. Hjoed moatte fjirtjin mannen út ûnder oare Ljouwert, Surch en Noardburgum yn heger berop foarkomme. De rjochtsaak duorret twa wiken.
De saak draait om ynternasjonale drugshannel tusken Fryslân en Skandinavië. Op 2 maart 2020 waarden 28 fertochten oppakt nei in grut ûndersyk nei de rol fan leden fan motorklup Hells Angels yn de hannel yn harddrugs.
By ynfallen op ferskate plakken fûn de plysje sechstjin blokken hasj, 300 himpplanten en lytse partijen speed, kokaïne, ghb en xtc.

Kriminele organisaasje

Tweintich fertochten moasten yn 2022 foarkomme by de rjochtbank. Fyftjin krigen straffen oant sân jier sel foar ûnder oare de útfier fan drugs, wytwaskjen, dielnimming oan in kriminele organisaasje en wapenbesit. Fiif fertochten binne frijsprutsen.
De saak-Vidar kaam oan it rôljen yn maart 2020, doe't in drugstransport nei Finlân ûnderskept waard. De plysje die op santjin plakken ynfallen, yn ûnder oare Ljouwert, Harns, Surch, Noardburgum en Westergeast binne pannen trochsocht. Dêrby waard in soad drugs fûn.
De rjochtbank lei op 17 augustus 2022 straffen op fan 80 oeren wurkstraf oant sân jier sel. Dy heechste straffen krigen in 53-jierrige man út Ljouwert en in 59-jierrige man út Surch. Dy lêste wurdt sjoen as de lieder.
Om de drugsbinde op te rôljen hat justysje in kriminele boargerynfiltrant ynset. Dat is in persoan dy't út it kriminele sirkwy komt en dus it fertrouwen yn de ûnderwrâld winne kin. Neffens justysje wie allinnich mei sa'n ynfiltrant it sletten bolwurk fan de Hells Angels te slopen.
vidar
Under oare yn Noardburgum die de plysje ynfallen © De Vries Media
De ynfiltrant fertsjinne mei syn wurk foar de oerheid sa'n 100.000 euro. Hy lei begjin 2018 kontakt mei ien fan de fertochten, in 36-jierrige man út Ljouwert. Dy seit lykwols dat hy deryn luze is.

Swier opspoaringsmiddel

Sa'n swier opspoaringsmiddel as in boargerynfiltrant mei net samar brûkt wurde. Sûnt de IRT-affêre yn de jierren 90, wêrby't de plysje sels belutsen wie by drugshannel om in saak op te lossen, jilde der strange regels by de opspoaring.
De saak-Vidar is de earste saak dêr't in kriminele boargerynfiltrant ynset is. Foar de feilichheid fan de ynfiltrant is syn namme geheim holden en hat hy de koadenamme A-4110 krigen.
De advokaten fan de fertochten sizze dat it Iepenbier Ministearje him net holden hat oan de strange betingsten foar de ynset fan de kriminele boargerynfiltrant. Sa soe de minister pas tastimming jûn ha doe't de A-4110 al lang oan it ynfiltrearjen wie. Ek wie it opspoaringsmiddel neffens de advokaten bûtenproporsjoneel.

Gjin bewiis

De advokaten fine dat de ynformaasje dy't troch de kriminele boargerynfiltrant sammele is, net as bewiis brûkt wurde mei. Dat seine se by de behanneling fan de saak yn 2022 en dat sille se nei alle gedachten ek yn heger berop de kommende dagen dwaan.
rjochtsaak sitting vidar 2 septimber
In eardere sitting oer de saak-Vidar © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Hoe dan ek, yn it fûnis fan 17 augustus 2022 stiet dúdlik hoe't de Ljouwerter rjochtbank deroer tinkt. De rjochter neamde de ynset fan de boargerynfiltrant yn it ljocht fan it ûndersyk en de aard fan de fertinkingen rjochtmjittich.
Boppedat fûn de rjochtbank de ferklearringen fan de ynfiltrant betrouber. "Het is niet aannemelijk dat hij de feiten heeft uitgelokt. Hij heeft slechts dingen aan het licht gebracht."
De suggestje fan de advokaten dat harren kliïnten troch de ynfiltrant op it ferkearde paad gongen binne, is net wier. "Dat hij verdachten in de drugshandel heeft gelokt, is aperte onzin", neffens de rjochter.

Twa wiken

Foar de behanneling fan it heger berop is twa wiken útlutsen. Dizze earste wike wurde de feiten bepraat en komt it Iepenbier Ministearje oan it wurd. Takom wike binne de advokaten oan bar en op freed 16 febrewaris is it lêste wurdt foar de fertochten sels.