PEC Zwolle ferlost Cambuur fan pineholledossier Silvester van der Water

orange
Silvester van der Water © Orange Pictures
Silvester van der Water makket it seizoen ôf by PEC Zwolle. De klup nimt de 27-jierrige oanfaller op hierbasis oer fan Cambuur.
Van der Water makket al sûnt oktober gjin diel mear út fan de earste seleksje fan de Ljouwerters nei in oanfarring mei trainer Henk de Jong. Van der Water is de djoerste oankeap yn de skiednis fan Cambuur. De oanfaller is al yn Zwolle foar de medyske keuring en om de lêste details ôf te rûnjen.

Kontrakt oant 2025

Yn 2022 makke Van der Water de oerstap fan it Amerikaanske Orlando City nei Ljouwert. Dêrfoar spile de oanfaller yn Nederlân foar Almere City en Heracles Almelo. Dit seizoen spile Van der Water 9 wedstriden en wie hy goed foar 3 doelpunten en 2 assists.
Van der Water hat noch in kontrakt by Cambuur oant de simmer fan 2025.

Ek El Hilali fuort

Njonken Van der Water wurdt der noch in oanfaller fan de Ljouwerters ferhierd. Youns El Hilali giet foar de rest fan it seizoen nei FC Arzignano Valchiampo, dat útkomt yn de Italiaanske Serie C.
El Hilali spile yn it ôfrûne healjier 16 kear foar Cambuur. Hy skoarde dêryn twa kear. Ek El Hilali hat noch in kontrakt oant 2025.