Skries hâldt bou fleanfjild yn Portugal foarearst tsjin

Skriezen yn Portugal
Skriezen yn Portugal © Verónica Mendéz
Der kin in streek troch de plannen foar in fleanfjild yn de mûning fan de rivier de Taach by Lissabon. En dat is hiel goed nijs foar de skries. Natuerbeskermers yn Portugal, mar ek yn Nederlân hawwe har jierren ferset tsjin de komst fan it nije nasjonale fleanfjild.
"De stemming is voorzichtig optimistisch", seit fûgelûndersiker oan de Ryksuniversiteit Groningen Wouter Vansteelant fan Portugal út. "Nu is het even afwachten of het de doodsteek is voor het luchthavenplan."
Dat fleanfjild soe in hiel soad trekfûgels, wêrûnder de skries, yn it paad sitte. De ûndersikers koene oantoane dat de oanfleanrûtes fan de eventuele fleantugen skealik effekt ha soene op 60 prosint fan de skriezepopulaasje dêr.
Troch it lûd fan de fleantugen fleane de fûgels folle mear en dat kostet in soad enerzjy, sa die bliken út ringûndersyk ûnder skriezen yn Portugal.

Gjin oare lokaasje

It wetterrike gebiet wurdt no benammen brûkt troch de fûgels om by te tanken ûnderweis nei de oerwinteringsgebieten en werom nei de briedgebieten yn benammen Nederlân. De kâns dat skriezen hiel gau in oar plak sykje en fine, is ek hiel lyts.
SkriezenPortugal
Skriezen yn de Taachdelta © Verónica Méndez Aragón
"Zeker met de huidige droogte in Zuid-Europa", seit Vansteelant. "We zien ook dat andere waterrijke gebieden steeds meer onder druk komen te staan. De Taag is een van de weinige topgebieden die er nog zijn. Overal wordt geknabbeld aan de goede gebieden."

Gjin fergunning

In Portugeesk miljeu-agintskip dat earder wol in fergunning joech foar it fleanfjild is dêrop weromkaam en wol no gjin fergunning mear jaan. "In de vorige effectenrapportage is de impact onrealistisch laag ingeschat. Dit nieuwe onderzoek, waar vier jaar aan is gewerkt, heeft het milieuagentschap overtuigd", seit Vansteelant.
Dat wol net sizze dat der gjin bedrigings mear binne.
Der is noch in oare lokaasje yn byld foar in nij fleanfjild dy't minder kwea kin, mar ek net ideaal is. En mei troch klimaatferoarings wurdt der hieltiten minder rys tyld, wylst de rysfjilden ek wichtich binne foar trekfûgels as de skries.