Liveblog | 1 febrewaris

112-nijs 2 februari: Antoinette Rijpma-de Jong 'ûnseedlik betaast' yn fleantúch

Yn dit bloch hâlde we dy op de hichte fan it 112-nijs yn Fryslân.

Lêst bywurke: 1 febrewaris, 19:30
19:30

Rijpma-de Jong 'ûnseedlik betaast' yn fleantúch

orange
Antoinette Rijpma-de Jong © Orange Pictures
Reedrydster Antoinette Rijpma-de Jong is ûnseedlik betaast op in flecht fan Schiphol nei Salt Lake City. De Nederlânske honkballer Darnel Collins is de fertochte, hy soe op de flecht mear minsken lestichfallen ha.
Dat befêstiget Jumbo-Visma, de ploech fan Rijpma-de Jong, nei berjochtjouwing fan De Telegraaf.
"Antoinette zat een rij voor Collins, hij vertoonde al vanaf het begin van de vlucht afwijkend gedrag", fertelt Jumbo-Visma wurdfierder Robert Prins oan de NOS. "Harde muziek luisteren en headbangen. Nadat zijn buurman was gaan verzitten heeft het cabinepersoneel gezegd dat hij zich moet gedragen. Daarna is hij naast Antoinette gaan staan in het gangpad en viel hij haar lastig. Toen ik hem maande om te stoppen werd hij boos op mij en gebaarde hij dat hij me naar de keel zou grijpen."
Collins waard úteinlik fêstbûn troch fleantúchpersoniel en is by oankomst yn Salt Lake City troch de Amerikaanske justysje arrestearre. De FBI ûndersiket de saak fierder.
14:43

Plysje-efterfolging tusken Stiens en Ljouwert

In automobilist is ôfrûne nacht efterfolge troch de plysje tusken Stiens en Ljouwert. Aginten fan de plysje Ljouwert seagen dat de eigener fan de auto net in jildich rydbewiis hie. Sy woenen de bestjoerder doe oan de kant sette, mar dy negearre it stopteken.
Dêrop ûntstie in efterfolging. Uteinlik kaam de auto tsjin in stiennen muorre ta stilstân. De bestjoerder naaide dêrnei dravend út, mar dat hold hy mar sa'n 200 meter fol.
De bestjoerder is oanholden. Hy wurdt fertocht fan it riden ûnder ynfloed fan drugs. Ek hat hy in bekeuring krigen foar it riden sûnder jildich rydbewiis en it negearjen fan in read ferkearsljocht.
12:30

Lêst ûnder twangsomme foar drugsferkeapers

Twa minsken dy't op in iepenbier plak omhongen om drugs te ferkeapjen, hawwe fan boargemaster Buma fan Ljouwert in lêst ûnder twangsomme oplein krigen. As se noch in kear betrape wurde moatte se in boete fan 5.000 euro betelje.
It earste ynsidint barde op 11 novimber 2023 op de hichte fan de Weaze yn Ljouwert en it oare ynsidint wie op 18 desimber by de Amelandsdwinger.
11:33

Auto's botse yn Ljouwert

Ien fan de auto's dy't belutsen is by de botsing
Ien fan de auto's dy't belutsen is by de botsing © CAMJO Media
Opnij in botsing yn Ljouwert, dizze kear tusken twa auto's. It ynsidint barde op de Brandemeer. De brânwacht is ynskeakele om in slachtoffer út in auto te helpen.
11:24

Plysje dielt bylden oerfal tankstasjon

De fertochte fan de oerfal op in tankstasjon yn Berltsum ein desimber is noch altyd net fûn. De plysje hat buert- en spoarenûndersyk dien en tsjûgen ûnderfrege, mar is noch net by de goede persoan útkaam.
Dêrom wurde no kamerabylden dield fan de fertochte. Opfallend is in reade plestik tas en in blauwe e-bike dy't brûkt wurde troch de fertochte.
De bylden binne hjir te finen.
11:06

Fytser oanriden yn Ljouwert

Fytser oanriden yn Ljouwert
Fytser oanriden yn Ljouwert © Anton Kappers
In fytser is yn Ljouwert oanriden troch in auto. Dat barde oan de Heliconweg. De fytser rekke ferwûne en is nei it sikehûs brocht.
It slachtoffer fytste op in foarrangsdyk.