HEA! Gjin libben sûnder Harley-Davidson

HEA! Gjin libben sûnder Harley Davidson
Hy wie 17 jier doe't er al mei de motor troch it bûtenlân ride. It sit Arnold van Huizen yn it bloed en it is syn grutte passy. Doe't er ienkear in Harley-Davidson kocht hie, wie er net mear te rêden en der gie der in wrâld foar him iepen. Hy hat fan syn hobby syn wurk makke en iepene in winkel yn Easterwâlde.
Yntusken is Arnold al mei pensjoen, mar hy kin it net litte. Minsken kinne op ôfspraak altyd delkomme. Nei in swier ûngemak moast er in jier refalidearje en koe er fanwege fysyk ûngemak net mear ride op de Harley-Davidson dy't er sels boud hat.
Mar dochs rydt er hast alle dagen wol efkes en nei fiif minuten op de motor ferjit er alles om him hinne.