Stadichoan giet tal muskusrotten nei nul, no't opspoaring ienfâldiger is

Muskusrotten Wetterskip,  Arnoud Bakker, Abel de Boer
Arnoud Bakker en Abel de Boer jeie op muskusrotten © RTV NOF, Arodi Buitenwerf
De muskusrôt is yn Fryslân op syn retoer. Ferline jier waarden troch Wetterskip Fryslân 356 eksimplaren fongen, tsjin 435 yn 2022.
Yn 1993 waarden noch mear as 100.000 fangsten meld. Benammen de ynset fan in ynnovative eDNA-metoade makket it speuren nei de lêste muskusrotten in stik ienfâldiger.
Environmental DNA (eDNA) is in nije metoade om de oanwêzigens fan soarten yn in wetter oan te toanen. De metoade is basearre op it feit dat alle yn it wetter libjende bisten fia stront, hûdsellen en urine DNA yn it wetter efterlitte.
Troch wettermeunsters yn it lab te analysearjen, kin eksakt bepaald wurde wêr't muskusrotten binne.
Muskusratten opspoare is makliker, dochs wurde der minder fûn
Neffens Arnoud Bakker, dy't tegearre mei syn kollega Abel de Boer yn it noardeasten fan Fryslân wettermeunsters sammelet, is de metoade in moaie oanfolling op de tradisjonele fangmetoaden mei ûnder oare fûken.
"Trochdat de populaasje flink ôfnaam is, binne de muskusrotten min op te spoaren. De eDNA-metoade makket dat in stik makliker, want yn it laboratoarium kinne se der feilleas úthelje wêr't de muskusrotten har ophâlde. Dat wurdt dan trochjûn oan de kollega's dy't de rotten fange."

Kaart en samples

Bakker en De Boeren farre trajekten fan 5 kilometer. Mei help fan in autosampler wurdt om de 25 meter in wettermeunster naam. Eventueel kin it sykgebiet lytser makke wurde oant 1 kilometer en ek eksakte puntmjittingen binne mooglik.
De sampler hâldt eksakt by wêr't it eDNA fûn is en keppelet dat fia in app oan in kaart, sadat de rottebestriders krekt witte wêr't se sykje moatte.
Yn 2023 waarden der yn totaal 51.043 muskusrotten fongen troch de 21 wetterskippen yn Nederlân, 2.500 mear as yn it jier derfoar.
De Nederlânske wetterskippen hawwe har mei-inoar ta doel steld om yn 2034 gjin (libbensfetbere) populaasje muskusrotten mear te hawwen yn Nederlân. Dat is it gefal as der minder as 500 muskusrotten yn it jier fongen wurde.
Bakker fynt it wichtich dat de populaasje muskusrotten yn Fryslân folslein nei nul giet. "In muskusrôt is in prachtich bistje om te sjen, mar se hawwe in ferfelende gewoante: se meie allemachtich graach grave. Ien muskusrôt kin in kúb grûn fersette yn in jier. Dat smyt gefaar op foar de diken dy't dan ynstabyl wurde."

Gefaar foar natuer

Muskusrotten komme fan harsels net yn Europa foar. Bakker fertelt dat se yn it ferline út Noard-Amearika ymportearre binne troch in Tsjechyske graaf, dy't derop jeie woe. "Spitigernôch wie er gjin goede skutter en is de populaasje eksplosyf groeid."
muskusrôt stock
In muskusrôt © Shutterstock.com
Muskusrotten foarmje net allinnich in gefaar foar de wetterfeiligens, mar ek foar it bioferskaat. It bist stiet dêrom mei de beverrôt op de Europeeske list fan ynvasive soarten. Se ite planten as reid en tuorrebout fuort, en ferkringe dêrtroch lânseigen bistesoarten lykas de blaustirns, de reiddomp en de karrekyt.
Wetterskip Fryslân hat 27 spesjalisearre fjildmeiwurkers yn tsjinst dy't de muskus- en beverrotten bestride yn Fryslân en it Grinslanner Westerkwartier. Yn dy gebieten is de populaasje troch in doelfêste oanpak yntusken ûnder kontrôle, mar dat jildt net foar de rest fan Nederlân.