Waadseewetter kin yn seis jier enerzjy opwekke: "Potentieel groter dan we dachten"

Underwetterflieger TidalKite Waadsee enerzjy opwekke
Underwetterflieger TidalKite kin aanst enerzjy opwekke yn de Waadsee © Waadenfonds
Duorsume enerzjy opwekke út it wetter fan de Waadsee is yn seis jier mooglik. Dat konkludearret ûndersyksynstitút TNO nei ûndersyk fan seis projekten.
It gier hjir om it opwekken fan enerzjy út weachslach, út tidewurking en út it mingen fan sâlt en swiet wetter. "De conclusie is dat het potentieel van deze technieken groter is dan dat wij tot voor kort dachten", seit Hans Hilten fan it Waadfûns, opdrachtjouwer fan it ûndersyk.
It is helber om mei dizze techniken yn 2030, 83 prosint fan de Waadeilannen en 8 prosint fan it Waadkustgebiet (Fryslân, Grins en Noard-Hollân) fan elektrisiteit te foarsjen.
"Die tijd hebben we ook nodig, om die potentie te verzilveren moet er heel wat gebeuren. Alle partijen moeten dan vanuit hun eigen rol hun ding doen en technieken moeten een aantal fases doormaken tot ze marktrijp zijn", seit Van Hilten.
Rosan Kocken rapport Rob Jetten Waddenfonds Waddenfûns enerzjy
Rosan Kocken (Waadfûns) oerlanget it rapport oan minister Rob Jetten © Phil Nijhuis
Op dit stuit is de technyk lykwols noch hiel djoer. Troch mear te ynvestearjen en de technyk op gruttere skaal ta te passen, kinne de kosten omleech gean. Ek is foldwaande romte nedich op it elektrisiteitsnet en moat dizze foarm fan enerzjy op te slaan wêze.

Gefolgen foar de natuer

It effekt op de natuer fan dizze techniken is noch net ûndersocht, dat is neffens it TNO in wichtige folgjende stap. "Het blijft cultureel erfgoed", seit ek Van Hilten. "Wij willen niet dat dit soort technieken ten koste gaan daarvan." It ûndersyksynstitút hat plakken oanwiisd yn it Waadgebiet dêr't bepaalde foarmen fan wettertechniken tapast wurde kinne.
It Waadfûns hat lykwols betrouwen dat fierder opskalen mooglik is. "Wij stellen altijd als voorwaarde dat uitvoerders allerlei vragen over de gevolgen voor de ecologie beantwoorden. Dat hebben we in het verleden ook gedaan en daaruit blijkt dat het goed inpasbaar is, en geen substantiële gevolgen heeft voor de natuur."

Oare plakken op de wrâld

Neffens it TNO soe in ynstallaasje fan maksimaal 40 megawatt ynpasber wêze moatte.
It tij yn de Waadsee giet net hiel bot op en del yn ferliking mei in soad oare plakken op de wrâld. Dêrom is it mooglik dat de techniken dy't hjir wurkje, op oare plakken yn de wrâld ek goed wurkje. "Andere landen kunnen het dan makkelijk aanpassen om elders te laten werken."