Froulju fan sc Hearrenfean ferlieze mei 0-2 fan koprinner FC Twente

Demi Werther fan sc Heerenveen en Ella Peddemors fan FC Twente
Demi Werther fan sc Heerenveen en Ella Peddemors fan FC Twente © Orange Pictures
De froulju fan sc Hearrenfean hawwe mei 0-2 ferlern fan FC Twente. It wie in wedstriid dy't se suver net oars as ferlieze koene: Twente is kampioenskandidaat, wylst Hearrenfean hielendal ûnderoan bongelet.
Hearrenfean spile in thúswedstriid, it wie it tolfde kompetysjeduel fan dit seizoen. FC Twente krige yn de begjinfaze fan de wedstriid ferskate mooglikheden, mar de ferdigening en keepster fan Hearrenfean slaggen der doe noch yn om dy oanfallen te kearen.
De Feanster thúsploech krige sels ek twa kânsen, mar de bal bedarre op de latte. Dêrfoaroer slagge it Danique van Ginkel wol om te skoaren. Fan in aardige ôfstân skeat sy Twente op foarsprong.
Mei it skoft waard by beide ploegen wiksele, mar de twadde helte smiet by sawol Twente as Hearrenfean noch net in soad kânsen op. In skot fan de Feanster froulju fleach dwers foar de goal del.
FC Twente wist út in hoekskop te skoaren, mar dit doelpunt waard ôfkard fanwegen in oertrêding. Efkes letter kaam der noch wol in doelpunt, doe't Leonie Vliek de rebound binnentikke koe. It wie de deaslach foar Hearrenfean: de einstân bleau 0-2 en de Twintske froulju namen de punten mei nei hûs.