Dribbeler 'Louis' koe nei Ingelân, België en Italië, mar kiest foar It Hearrenfean

Loizou yn de warming-up yn Eindhoven foar de wedstriid tsjin PSV
Loizou yn de warming-up yn Eindhoven foar de wedstriid tsjin PSV © Orange Pictures
Loizos Loizou koe nei Italië, nei België en nei Ingelân, mar keas dochs foar Fryslân. Hy wurdt foar in heal seizoen hierd fan Omonia Nicosia. Loizos Loizou dus. "Mar se neamme my Louis."
Loizou is 20 jier, mar fuotballe al 27 kear foar it nasjonale team fan Syprus. Yn de Protathlima Cyta (de earedivyzje dêr) spile hy 153 wedstriden foar Omonia Nicosia. Hy wie foaral rjochtsbûten, skoarde 21 goals en joech 15 assists.
"Ik bin in flugge spiler en kin sawol op links as rjochts spylje en op de nûmer tsien posysje. Ik bin in dribbeler. Ik meitsje graach aksjes en wol goals skoare."

Loizou koe kieze

sc Hearrenfean wie al langer mei Loizou dwaande. Loizou sels woe graach nei in heger nivo.
"Ik woe graach in stap meitsje en dêr is Hearrenfean in goeie klup foar. Ik hâld fan de Nederlânske kompetysje. In heech nivo en oanfallend fuotbaljend. Dêr kin ik mysels sjen litte."
Neffens Loizou koe hy kieze út fjouwer ferskate kompetysjes. "Ik wit fan guon teams út Italië en en ien út België. En ek út de Championship."
Loizos Loizou oer syn kar foar it Fryske fuotbal
Hearrenfean woe Loizou eins oernimme fan Omonia Nicosia, mar hie dêr it jild net foar. Dêrom wol Loizou him de kommende moannen sjen litte. "Ik hoop ik dat Hearrenfean my keapet."

Hast Champions League

Loizou spile mei Omonia Nicosia al ris yn Nederlân. Foar de Europa League kaam hy twa kear út tsjin PSV yn de groepfaze yn 2021.
Ferline seizoen helle hy krekt net de groepsfaze fan de Champions League. Yn de lêste kwalifikaasjeronde wûnen se de earste wedstriid mei 4-2 fan FC Antwerp, mei troch twa goals fan Loizou. De wedstriid yn België ferlearen se mei 2-0 en nei penaltys waarden se útskeakele.
Loizou skoart tsjin FC Antwerp yn de Europa League
Loizou skoart tsjin FC Antwerp yn de Europa League © Orange Piuctures
It seit wol wat oer de kompetysje yn Syprus. Neffens Loizou moatte we dêr net tefolle fan foarstelle, mar binne der wol in pear goeie ploegen.
"De Sypryske kompetysje is fan in goed nivo, mar it is net itselde as yn Nederlân. Yn Nederlân hast in soad goede klups, mar yn Syprus hawwe je trije of fjouwer goede teams. It bêste team wie it team dêr't ik spile, Omonia."