'Oant moarn' yn de Dikke Van Dale? "Het is een serieuze kandidaat"

'Oant moarn' mei Piet Paulusma
'Oant moarn' mei Piet Paulusma © ANP
Oant moarn! De yn 2022 ferstoarne waarman Piet Paulusma sleat syn waarpraatsjes foar de nasjonale telefyzje der altyd mei ôf. De leuze is sa ikoanysk wurden dat it mooglik in plakje krijt yn de Dikke Van Dale.
"Het is een Friese uitdrukking die ook in het Nederlands best vaak wordt aangetroffen", seit Ton den Boon, de haadredakteur fan it wurdboek. "Piet Paulusma heeft deze uitspraak gepopulariseerd."

'It kin net', 'skûtsjesilen' en 'Fryslân boppe'

Dat komt neffens Den Boon wol faker foar by útspraken út in oare taal. "Dat ze door radio en tv ook in Nederland bekend worden. Denk aan 'it kin net', uit een reclame voor Fries kruidenbitter. Ook die uitspraak maakt kans om in het woordenboek opgenomen te worden."
'Oant moarn' komt no mooglik yn itselde rychje as 'Fryslân boppe', 'skûtsjesilen', 'fierljeppen' en 'klunen', wurden dy't de Dikke Van Dale al helle hawwe.

Yn kranten en tydskriften

Dy wurden komme dêrfoar yn oanmerking as se ek yn it Nederlânsk algemien gongber binne. "We houden bij hoe vaak ze voorkomen in Nederlandse bronnen als tijdschriften en kranten. We houden bij hoe vaak de uitdrukking gebruikt wordt, zonder dat er sprake is van een verwijzing naar Piet Paulusma."
"Sinds zijn overlijden zien we dat het gebruik van 'oant moarn' alleen maar toeneemt", seit Den Boon. "Dat maakt het een serieuze kandidaat om opgenomen te worden in de Van Dale. Aan het einde van het jaar kijk ik of dat nog steeds het geval is en dan neem ik misschien het besluit om het op te nemen."
Piet Paulusma ferstoar yn 2022 oan de gefolgen fan kanker. Hy wie jierrenlang waarman by Omrop Fryslân. Ek presintearre hy ûnder mear foar SBS6 en Omroep MAX, sa waard hy lanlik tige populêr.