Rumoerige transferwiken foar Hearrenfean en Cambuur: amper jild, dochs aksje

transfers
Nathan Tjoe-A-On (nij by Hearrenfean) en Agustín Anello (nij by Cambuur) © sc Hearrenfean / Dijks Media
In rêstige transferperioade, mar dochs ek wer net. Sa kinst de transferperioade by sc Hearrenfean en SC Cambuur it bêste omskriuwe. In soad geroften, mar úteinlik twa transfers by Hearrenfean en fjouwer by Cambuur.
Beide klups ferwolkomje twa nije spilers, mar allinnich by Cambuur geane der ek twa fuort.
Hearrenfean lûkt Nathan Tjoe-A-On en Loizos Loizou beiden oan mei in hierkonstruksje. De earste is linksback en moat fungearje as back-up foar Mats Köhlert. Tjoe-A-On (22) moat derfoar soargje dat Hearrenfean foaral yn de breedte sterker wurdt.
Hy wurdt foar in heal seizoen hierd fan Swansea City. Dêr spile er dit seizoen gjin inkele wedstriid. Tjoe-A-On stiet pas sûnt ôfrûne simmer ûnder kontrakt by Swansea, dat him oernaam fan Excelsior, de âlde klup fan Hearrenfean-direkteur Ferry de Haan.
Nathan Tjoe-A-On yn it shirt fan sc Hearrenfean
Nathan Tjoe-A-On yn it shirt fan sc Hearrenfean © sc Hearrenfean
Dizze wike presintearre Hearrenfean syn twadde nije spiler: Loizos Loizou, in 20-jierrige Syprioat dy't foar in heal seizoen hierd wurdt fan Omonia Nicosia. Hearrenfean hat Loizou al langer op 'e kerrel en woe him it leafst permanint oernimme, mar hat dêr der it jild net foar.
Fierder kaam der in bod fan Lille op Osame Sahraoui en wie Hearrenfean yn ûnderhanneling mei Como oer in transfer fan Thom Haye, mar beide transfers gongen net troch.

Rumoerige window

Sa hat it neffens De Haan foaral in ûnrêstige transferperioade west, dy't úteinlik net folle opsmyt. "Het is een rumoerige window geweest, waarin veel is gezegd en geschreven, maar weinig gebeurd. Het was rumoerig, maar weinig concreet."
Neffens De Haan ferskine yn de media somtiden berjochten dy't net wier binne. "Er wordt wel geïnformeerd naar spelers, maar vooral over spelers geschreven, waar jezelf niet zoveel over weet. En daar moet je dan weer op reageren. Dat is irritant."
De stjerspiler fan Hearrenfean, Osame Sahraoui, waard dêrby faak yn kontakt brocht mei ferskate klups. De iennige klup dy't him meld hat, wie Lille, seit De Haan. Mar echte ûnderhannelings ha der net west. "Er is een bod geweest, maar we hebben gezegd dat dat heel ver weg lag van onze verwachtingen. En daarna hebben we van Lille niks meer gehoord."
orange
Osame Sahraoui bliuwt noch even by Hearrenfean © Orange Pictures
Foar sa'n spiler as Sahraoui ferwachtsje je miskien wat mear ynteresse. "Misschien wel. Er komen genoeg clubs voor hem kijken, maar ik denk dat er heel veel clubs wachten tot de zomer."

Hearrenfeanfolger Roelof de Vries:

"Reedlik tefreden. Dat is tink ik de bêste typearring foar dizze transferperioade fan Hearrenfean. Se woenen in linksback en in fleugeloanfaller en dy ha se krigen. Foaral oer Loizou hear ik wol goeie ferhalen, dus dat makket my nijsgjirrich.
Mar it is wol spitich dat se twa spilers hiere. Dat jout mar wer oan hoe ferfelend de finansjele situaasje fan Hearrenfean is. Je wolle kapitaal op it fjild ha en mominteel stiet eins allinnich Sahraoui garant foar in flinke pûde jild.
Hearrenfean moat ta nei in finansjeel sûnere situaasjes en mear kapitaal op it fjild. Dat is no beide net goed foar elkoar en dêrtroch soarchlik."
De Haan hie mear dwaan wold dizze perioade, mar dêr hat Hearrenfean no ienkear gjin jild foar. En dus is er bêst tefreden mei hoe't de transferperioade ferrûn is.
"De groep is intact gebleven en ik denk dat we een goede ploeg hebben. We hebben vooraf aangegeven welke posities we ingevuld hebben, daar zijn we in geslaagd. Je wilt altijd meer, maar in de realiteit weet je dat die financiële mogelijkheden er niet zijn."

Cambuur: twa fuort, twa nij

By SC Cambuur giene de ôfrûne moanne twa spilers fuort, mar dêr stiet ek in nij twatal tsjinoer. Vito Wormgoor wie transferfrij en slút de rest fan it seizoen oan by de ploech fan Henk de Jong en Agustín Anello wurdt hierd fan Sparta Rotterdam.
Agustín Anello, SC Cambuur
Agustín Anello wurdt de rest fan it seizoen hierd © Dijks Media
De beliedsbepalers by Cambuur stiene dizze transferwindow wol foar in útdaging: in technysk direkteur, dy't datsoarte saken gewoanwei op him nimt, is der net troch it fuortgean fan Etiënne Reijnen nei Feyenoord ein novimber.

Amper jild

"We hebben het met een team van mensen moeten opvangen", seit algemien direkteur Ard de Graaf. "Een team van scouting, de hoofd jeugdopleiding, een financiële man, Henk de Jong, Gerald van den Belt en ondergetekende. Ik denk dat we het goed hebben gedaan met zijn allen, kijkend naar de mogelijkheden."
Dêrneist moast Cambuur de merk op mei in smelle beurs, wat de syktocht nei nije spilers ek net makliker makket. Der wie pas wat mooglik doe't Cambuur de kwartfinale fan de KNVB-beker helle en dat sinten opsmiet.
Direkteur Ard de Graaf sjocht werom op de transferperioade
Dochs betsjut it sluten fan de transfermerk net dat Cambuur no gjin nije spilers mear helje sil. De Ljouwerters binne noch altyd op syk nei in nije rjochterferdigener. In spiler dy't no sûnder klup sit, mei ek no noch oanlutsen wurde.
"Sinds de blessure van Gabi (Caschili, red.) hebben we ons daar op gefocust, maar dat is toch heel moeilijk", seit De Graaf. "Ze zijn weinig beschikbaar of ze hebben maanden niet gespeeld. Dat doen we niet. Als we daar nog wat doen, moet het beter zijn dan wat we in huis hebben."

Spilet wol wat

De klup hat wol in kandidaat op it each foar de rjochtsbackposysje. "Er spelen wel dingen. Dat kan vandaag gebeuren, morgen, overmorgen of niet. Als dat lukt zou het prachtig zijn, want daar zijn we vanaf december mee bezig."
orange
Gabi Caschili is blessearre en Cambuur siket drok nei in ferfanger © Orange Pictures
Wis is dat Cambuur de kommende moannen wol fan in pineholledossier ôf is: rekôroankeap Silvester van der Water wurdt de kommende fiif moannen nammentlik ferhierd oan PEC Zwolle. De Graaf dêroer: "Ik ben vooral blij voor hemzelf, want hij kan weer gaan spelen. Hij zal zijn carrière een herstart moeten geven."
Ek foar Cambuur is dit in goeie deal. "Want hij kan zich ergens laten zien. Als het goed gaat, kan er weer wat in beweging komen voor hem. Voor alle partijen een prima oplossing."

Cambuurfolger Andor Faber:

"De direksje fan Cambuur hat foldien oan de grutste taak: it fuortdwaan fan Van der Water. Neist dat hy in behoarlik transferbedrach koste hat, sa'n sân ton, sit hy ek kwa lean heech yn de beam. Dat wurdt wierskynlik foar de helte oernaam troch PEC Zwolle.
Dat jout Cambuur de kâns om noch in rjochterferdigener te heljen. Mar dat hie eins al folle earder moatten. Sûnt Gabi Caschili ein novimber swierblessearre rekke, wit de klup dat se dêr fersterking nedich hawwe.
Yn stee dêrfan kaam Wormgoor. Dat is lykwols gjin rjochtsback, mar in sintrale ferdigener. Dus dat dy posysje net ynfolle is, bliuwt in minpuntsje. Dêr is Cambuur kwetsber mei Marco Tol, fan orizjine in sintrale ferdigener, en jeugdeksponint Jhondly van der Meer."
Ek Youns El Hilali (FC Arzignano Valchiampo) hat tydlik ôfskie naam fan Cambuur. It is foar de priveesituaasje fan de Italiaan handiger dat er efkes werom giet nei syn heitelân, sizze se by Cambuur.
Boppedat kin er dêr mear spylje as yn Ljouwert. "Youns moat fuotbalje. Ik tink dat dat goed is", sei trainer Henk de Jong dêroer.