Is Wormgoor de 'rotzak' dy't Cambuur socht? "Ik ga voor de club door het vuur"

Wormgoor
Vito Wormgoor © Dijks Media
Hy koe ek nei ADO Den Haag, mar foar 'rotzak' Vito Wormgoor wie de kar maklik: de ferdigener keas foar Cambuur as nije klup. "Hier is een mooie ambiance, er is altijd strijd; dat is goed voor een speler als ik."
Wormgoor hat yn Ljouwert in kontrakt foar in healjier tekene. De ferdigener kaam transferfrij oer fan it Noarske IK Start. Yn Nederlân wie hy yn it ferline ûnder mear aktyf foar FC Utrecht, De Graafschap en ADO.
"Ik ken de Keuken Kampioen Divisie", stelt Wormgoor. "Zelf heb ik ook meerdere keren in Leeuwarden gespeeld", daar bewaar ik goede herinneringen aan", seit de 35-jierrige ferdigener.
Vito Wormgoor, de 'rotzak' dy't Cambuur socht
By Cambuur moat Wormgoor in 'rotzak' wêze, in bikkelhurde spiler dy't alles docht foar de winst. "Van nature ben ik die rotzak", seit Wormgoor. "Ik ga voor de trainer en de club door het vuur."
Dat docht er it leafst as sintrale ferdigener, mar Wormgoor kin ek as rjochtsback út de fuotten. Ien probleem: de ferdigener hat al in moanne net spile. "Ik ben wel fit, maar wedstrijdfit? Daar wordt aan gewerkt. Ik hoop zo snel mogelijk minuten te maken bij Cambuur."