Frou (74) komt om it libben by frontale botsing yn Spangea

Frontale botsing op N351
Frontale botsing op N351 © BTBfotografie
By in frontale botsing tusken twa auto's op de N351 by Spangea is in 74-jierrige frou út Wolvegea om it libben kaam. Dat meldt de plysje.
In oar slachtoffer rekke swierferwûne. Dast giet om in 69-jierrige man út Zeewolde.
Der wiene twa auto's belutsen by de oanriding.
De ravaazje is grut
It is noch net dúdlik hoe't it ûngelok barre koe. De plysje docht dêr ûndersyk nei. De dyk wie in skoft ticht foar it ferkear.