Nije stedsdichter fan Ljouwert hat in dúdlik doel: “De rafelrandjes opzoeken"

Marrit Jellema
Marrit Jellema © Mitch de Pon
Ljouwert ta libben bringe mei poëzy, dat wol Marrit Jellema graach as stedsdichter. De 30-jierrige wurdkeunstner en spoken word-artyst hopet minsken ferbine te kinnen.
Jellema waard tiisdei troch in sjuery keazen út fjouwer finalisten fan de yn totaal 14 kandidaten. De kommende twa jier is de Ljouwerter stedsdichter yn har eigen gemeente.
Sy is wiis mei de oanstelling. "Ja, prachtig natuurlijk. Ik ben nog een beetje aan het zweven. Het is ongelofelijk, maar ik ben superblij."

Literatuerstêd

Ljouwert as literatuerstêd en eardere kulturele haadstêd wie hurd ta oan in stedsdichter, sa wie de gedachte. "Het is prachtig dat er na 15 jaar weer iemand is die alles gaat beschrijven en de stad tot leven gaat brengen met poëzie."
Dat is wel schandelijk. Het was nodig.
Marrit Jellema
In City of Literature kin net sûnder stedsdichter. "Nee, vind ik niet", seit Jellema. "Dat is wel schandelijk. Het was nodig."
Jellema skriuwt oer Ljouwert, reflektearret op wat der libbet. In stedsdichter hat bining mei wat der binnen de gemeente spilet en hat each foar kulturele en maatskiplike ûntwikkelingen, sa is de bedoeling.

It rûge ek sjen litte

De nije stedsdichter tinkt dat sy keazen is fanwegen har autentisiteit. "Ik durf de rafelrandjes op te zoeken: niet alleen beschrijven hoe prachtig Leeuwarden is, maar vertellen wat je ziet."
Marrit Jellema
Marrit Jellema © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Mar ek it sosjale hat de sjuery oansprutsen, tinkt Jellema. "Ik houd ervan om mensen te ontmoeten en met anderen te werken. Het doel is verbinding, juist in deze tijden van polarisatie. Verbinding maken met woorden, naar elkaars verhaal luisteren. Terwijl je dat normaal gesproken niet altijd doet."
Dichter fan Fryslân Arjan Hut
Dichter fan Fryslân Arjan Hut © Reyer Boxem
Jellema sit fol mei plannen en hat sels al in tiidline útstippele foar de kommende twa jier. Sa hopet se op in briefwiksel mei Arjan Hut, dy't yn 2005-2006 ek stedsdichter fan Ljouwert wie en op dit stuit Dichter fan Fryslân is.
"Om duidelijk te maken wat de Dichter fan Fryslân of een stadsdichter eigenlijk doen. Zodat mensen weten waarom ze er zijn."

Poëzy bûten de stêd bringe

Mar miskien noch wol wichtiger: Jellema wol ek yn de doarpen en wiken fan de gemeente poëzyprojekten opsette.
"Zodat mensen die normaal gesproken niet zo snel met poëzie in aanraking komen, samen gaan schrijven en vertellen waarom Leeuwarden hun thuis is."
Al dy letters, wurden en sinnen moatte dêrnei weromkomme en sichtber wurde op allerhanne gebouwen. In bytsje sa't we de teksten lykas 'Ja jongu, nee juh!' kenne, dy't yn Ljouwert werom te finen binne, seit Jellema.
Soks moat net allinne yn de stêd te finen wêze: dat kin breder, fynt Jellema
Soks moat net allinne yn de stêd te finen wêze: dat kin breder, fynt Jellema © ANP
Mar Jellema wol it net allinne yn it stedssintrum, mar ek dêrbûten. En dan net allinnich it moaie, mar ek de rauwe en rûge kantsjes fan de gemeente.

'Hoge Woorden'

Fierder set se mei festival Explore The North en City of Literature Leeuwarden it spoken word-platfoarm 'Hoge Woorden' op.
Fjouwer kear yn it jier is der in poadiumjûn mei in mjuks fan bekende wurdkeunstners en opkommende talinten. De earste edysje is op freed 14 april yn De Westerkerk yn Ljouwert.
Marrit Jellema is gjin ûnbekende yn de kulturele wrâld. Sy wûn yn 2019 in Spoken Word Award. Yn 2021 kaam har spoken word-debútalbum 'Superpersoonlijk' út en stie se yn de finale fan it NK Poetryslam.
Begjin 2023 wie de release fan har twadde album, 'Voor Altijd'. Jellema jout geregeld workshops en se stie op ferskate poadia yn it hiele lân.