Noch hieltyd diskusje oer miening provinsje-amtners: "Se binne net teplak set"

In brief
In brief © Shutterstock
It provinsjebestjoer stiet noch hieltyd achter it beslút om it petear oan te gean mei fjouwer amtners. Dy amtners sprutsen har út oer klimaatproblematyk, mar binne dêrfoar net teplak set.
Amtners út it hiele lân wei hawwe harren hantekening ûnder in brief set dy't omtinken freget foar klimaatproblematyk. Der sieten fjouwer meiwurkers fan de provinsje by.
Yn de brief stie dat it op persoanlike titel wie, mei dêrby wie wol opskreaun wol by hokker organisaasje se wurkje.
It provinsjebestjoer en de BBB-fraksje fine dat it dêrtroch dochs liket dat minsken de brief tekene hawwe as meiwurker fan de provinsje. De krityske partijen fine dat de amtners it ûndertekene hawwe as priveepersoan.
Der hingje gjin konsekwinsjes oan it petear.
Deputearre Eke Folkerts
Earder hie de deputearre oankundige om yn petear te gean mei de fjouwer amtners. Op dat beslút kaam in soad krityk út Provinsjale Steaten en de Twadde Keamer wei, mar ek út ferskate rjochterlike en bestjoerlike saakkundigen troch it hiele lân.

Gjin beskrobbing

De provinsjefraksjes fan GrienLinks-PvdA, D66, SP en de Partij voor de Dieren wolle no witte hoe't deputearre Folkerts weromsjocht op de situaasje.
De deputearre wol it petear mei de amtners net te grut meitsje: "Dat wurdt geregeld fierd mei amtners. Der hingje dus gjin konsekwinsjes oan it petear. De amtners binne net teplak set."
Deputearre Eke Folkerts
Deputearre Eke Folkerts © Provinsje Fryslân
De krityske partijen fine it dochs in ferkeard sinjaal, omdat it neffens harren útstrielt dat amtners gjin eigen mening hawwe meie. Dat soe negatyf útstrale op de provinsje.
Folkerts: "De byldfoarming nei bûten ta is neffens ús benammen basearre op wat der yn de berjochtjouwing kaam." Sa binne termen neamd as 'muilkorven'.
De deputearre wol dêr stevich ôfstân fan nimme: "It ynteger hanneljen fan amtners hat nea yn gefaar west." Folkerts seit ek mei klam dat der by amtners fan de provinsje noch hieltyd it betrouwen is om iepen te praten.
It Provinsjehûs fan Fryslân
It Provinsjehûs fan Fryslân © Omrop Fryslân, Sian Wierda
De krityk fan de opposysjepartijen is ek basearre op bygelyks de gemeente Ljouwert. Dy fûnen it ûndertekenjen gjin probleem. Dat komt troch de ynterpretaasje fan de wet dy't de regels foar amtners bepaalt.
Deputearre Folkerts wiist dêrby op de funksje fan de meiwurkers: "Sûnder ús amtners hiene wy noait ús besluten sa goed naam. Mar wy hawwe yn de demokrasy ús eigen rol."
Folkerts seit ek: "Wy as Steaten hawwe in rol nei bûten ta, amtners kinne yntern frij prate en krityk uterje."
Dit had intern afgehandeld moeten worden.
Steatelid Martijn Brands fan de VVD
Martijn Brands fan de VVD, sels ek amtner, fynt dat de diskusje net yn Provinsjale Steaten heart: "Het gaat om de relatie werknemer-werkgever. Dit had intern afgehandeld moeten worden."
De fjouwer krityske partijen hoopje benammen dat it provinsjebestjoer dy frijheid yn stân hâldt.
"Het recht op vrijheid van meningsuiting is een kostbaat bezit", seit Danny van der Weijde fan D66. "Daar moet je voor opkomen, ook als we het niet met elkaar eens zijn."