Meiwurkers Ausnutria stake foar better sosjaal plan: "We meitsje ús soargen"

Meiwurkers fan Ausnutria stake by it Abe Lenstra stadion
Sa'n 250 meiwurkers fan Ausnutria hawwe woansdei staakt op It Hearrenfean. Sy binne lilk oer de ôfwikkeling fan in grutte ûntslaggeronde.
De fakbûnen wurde it net mei Ausnutria iens oer de regeling foar de ûntslaggen en it sosjaal plan dat deroan keppele is. Se wolle in hegere ûntslachfergoeding.
Yn Ljouwert ferdwine 60 banen. It fabryk yn Ommen ferdwynt hielendal en ek yn Kampen wurdt der reorganisearre. "Het idee was om elkaar te ontmoeten op een centrale plek. Anders heb je per plaats een manifestatie", seit Ron Vos fan fakbûn FNV. It each foel dêrom op It Hearrenfean.
Staking wurknimmers Ausnutria
Staking wurknimmers Ausnutria op It Hearrenfean © Omrop Fryslân
Dêr stiet ek in grutte fabryk fan Ausnutria. Sietse van der Wal is ek op de staking ôf kaam. Hy wurket by it fabryk yn Ljouwert. "Ik bin net benaud, mar we meitsje ús wol soargen", seit hy. "Wy witte net wat der barre sil."
"Ausnutria hat mei de bûnen om tafel west, mar se binne der net útkaam. Dêrom moatte we aksje ûndernimme. As it net linksom giet, dan mar rjochtsom."
Sietse van der Wal - Wurknimmer Ausnutria
Wurknimmer Sietse van der Wal by de staking © Omrop Fryslân
Ausnutria hat it finansjeel al skoften swier. Dat komt trochdat de fraach nei molkpoeier yn Sina hurd weromrint. Dat is de belangrykste merk foar it bedriuw.
Yn Sina wurde hieltyd minder poppen berne, en der komme mear bedriuwen dy't lokaal molkpoeier produsearje.
As ûntslachregeling hat Ausnutria 0,77 moannesalaris foar elts tsjinstjier bean. De fakbûnen wolle nei in folslein moannesalaris ta. "Het bod is aan de lage kant", seit René Hoekstra dy't ek yn de Ljouwerter fabryk wurket en boppedat yn de ûndernimmingsried sit. "Dat moet beter. Daarom staan we hier. Neem netjes afscheid van je medewerkers."
It molkepoeierbedriuw Ausnutria is fernuvere dat de bûnen wegerje serieus yn te gean op it nije bod. Foar it sosjaal plan hat it bedriuw de ûntslachfergoeding ferhege en oanjûn dat se ynvestearje wolle yn ûnder mear oplieding en coaching. Sy fine dan ek dat fuortendaliks stake wol in hiel swier middel is, sa falt te lêzen op harren side.
Ausnutria hat sels syn meiwurkers ynformearre oer de ynhâld fan it bod, om foar te kommen dat sy op basis fan âlde of net-folsleine ynformaasje hannelje. Se freegje de bûnen om dit foarstel mei soarch te besjen en dit te bepraten mei harren leden.
Fakbûn CNV fynt it logysk dat der net yngien wurdt op it nije bod. As foarbyld neamt Rick Pellis in oare suvelfabryk: Friesland Campina. "Die hebben gewoon een sociaal plan van meer dan het dubbele van wat hier geboden wordt. Dat vinden wij onterecht. Ook Ausnutria heeft de afgelopen periode zeer veel winst gemaakt."
Dit sosjale plan soe noch gjin prosint fan dy winst kostje. Wat Pellis oanbelanget, is it wer tiid foar kofje mei it bedriuw. "Wij hopen dat het hier bij blijft. Wij willen er gewoon uitkomen met de directie en anders gaan we volgende week gewoon weer door."