Taakstraffen easke yn saak karbidkanon De Jouwer: “De grenzen van een grap voorbij”

De ruten leine derút troch de knal
De ruten leine derút troch de knal © Martin de Jong Fotografie
Yn heger berop is 180 oeren taakstraf easke tsjin tsien manlju yn de 'karbidkanon'-saak op De Jouwer. Neffens justysje is der sprake fan in bewuste aksje, "die de grenzen van een grap volstrekt voorbijgaat."
Troch it sjitten mei it karbidkanon ûntstie der flink wat skea op De Jouwer. It barde al op âldjiersdei 2020, mar de saak spilet goed trije jier letter noch hieltyd.
De manlju fan tusken de 23 en 30 jier âld binne yn 2022 al feroardiele ta 180 oeren wurkstraf. Mar sy giene yn berop, om't neffens harren nea sprake west hat fan opset.
Dat berop tsjinne woansdei yn it Ljouwerter gerjochtshôf.

'Kwajongensstreek'

De fertochten sprekke noch hieltyd fan in ludike aksje. "Het was coronatijd, we mochten niks. Toen bedachten wie iets. Het was een kwajongensstreek."
Mar yn de eagen fan jusysje wie it hielendal net ludyk, mar gewoan ûnferantwurde.
Der binne taakstraffen easke foar it sjitten mei it karbidkanon op De Jouwer
De fertochten hiene mei fiif kilo karbid yn in jarretank in soarte fan kanon makke. Se woene yn park Heremastate sjitte. Doe't se troch De Jouwer rieden, ûntplofte de tank.
Huzen, auto's en in winkel rûnen skea op. Benammen Hotel Anne-Klare waard rekke, de 14 gasten wiene wiken nei de knal noch oerstjoer.

Brek yn 'e freoneploech

De rjochter woe de saak woansdei foar 17.00 oere ôfhannelje. "Moet er iemand op tijd thuis zijn om te melken", wie syn fraach. "Ja", antwurde fan ien fan de fertochten.
De manlju lieten de rjochter fierder witte dat de groep om it karbidkanon hinne folle grutter wie. De tsien fine it dêrom frustearjend dat der net mear minsken ferfolge wurde.
"Er waren veel meer bij en die zitten hier vandaag niet." Dêrop frege de rjochter: "Bent u bereid namen te noemen?"
Mar dat giet de fertochten te fier. "Ik houd er niet van om iemand te verlinken. Zo ben ik niet opgevoed." It hat lykwols wol foar "een enorme breuk in de vriendenploeg" soarge.
It karbidkanon op kamerabyld
It karbidkanon op kamerabyld © Omrop Fryslân
Ardi Anker, eigener fan Hotel Anne Klare fertelde op de sitting dat hy syn libben wer oppakt hat. Hy stelt it hôf foar om te tinken oan de takomst fan de fertochten.
"We hebben drie weken nodig gehad om de schade te herstellen, helemaal betaald door de veroorzakers. Ze hebben allemaal excuses aangeboden en dat was voor ons belangrijk."

"Rechtvaardige uitspraak"

Anker fynt dat de fertochten al genôch straft binne troch it omtinken foar de saak yn de media. "Door hen een straf op te leggen, kunnen ze mogelijk hun hele leven niet meer ondernemen, terwijl ik na drie weken al weer verder kon. Ik hoop op een rechtvaardige en proportionele uitspraak."
De fertochten wiene der stil fan. "Dit hadden we niet verwacht. We vinden het heel mooi."
It glês lei oeral op strjitte troch it karbidkanon
It glês lei oeral op strjitte troch it karbidkanon © Omrop Fryslân
De fertochten wurdt troch justysje ferwiten dat der sprake wie fan opset. Yn syn rekwisitoar sei advokaat-generaal Jeroen Houwink (de offisier fan justysje by it gerjochtshôf) dat de fertochten de tank "doelbewust wilden laten ontploffen bij de brug in het dorp."
Neffens Houwink wurdt dat dúdlik út it feit dat "de mannen daar met de vingers in de oren stonden te wachten en dat er iemand werd gevraagd om te filmen."

Frijspraak

De fertochten sizze dat it nea de bedoeling west hat. "We beseffen dat we de oudejaarsdag voor velen en ook voor ons verknald hebben."
Dat seit neffens advokaat Tjalling van der Goot alles. "Ze hebben geen bewuste handeling verricht om het karbidkanon af te laten gaan. Hoe het is ontploft, weten we niet. Bovendien is er geen vooropgezet plan geweest."
Van der Goot bepleitet dêrom frijspraak. De rjochter docht oer twa wiken útspraak.