It waar fan jannewaris: iis en wetter en "een twijfelgeval" mei koade oranje

Riders op it iis by Eagmaryp
Riders op it iis by Eagmaryp © CAMJO Media
Waarfrou Tjitske Wiebenga wie net wis fan koade oranje by de twadde stoarm fan it jier. It KNMI neamt dy sitewaasje no "een twijfelgeval". Dat docht bliken út ús oersjoch fan it waar yn jannewaris.
De moanne begûn mei in soad wetter. Allinne op 2 jannewaris al foel der yn Ljouwert 30 milimeter. "Dat is hast de helte fan wat der normaal yn ien moanne falt", seit Wiebenga.
Omdat der yn de lêste moannen fan ferline jier ek al in protte reinwetter fallen wie, soarge dit foar oerlêst. Wetterskip Fryslân naam maatregels.
Yn Aldeboarn binne oer in lingte fan 240 meter 1.200 sânsekken dellein
Yn Aldeboarn binne oer in lingte fan 240 meter 1.200 sânsekken dellein © CAMJO Media
It Woudagemaal kaam op 'e nij op stoom, wylst it krekt útset wie. Sânsekken moasten foarkomme dat Aldeboarn ûnder wetter strûpe soe. En meardere polders binne ûnder wetter set, omdat it wetter net gau genôch ôffierd wurde koe.

Trije stoarmen

Dyselde nacht raasde de earste stoarm fan it jier oer de provinsje. Henk. Yn totaal soene der yn jannewaris trije stoarmen wêze. Ferline jier wiene der hielendal gjin stoarmen yn jannewaris, en it jier dêrfoar wie der ien.
"Eins wiene dat de útsûnderingen", seit Wiebenga. "Stoarmen yn jannewaris binne normaal. Minsken tinke faak dat de hjerst it stoarmseizoen is, mar dat komt omdat it dan mear opfalt. Dan komme je út de simmer wei."
Yn Ljouwert waaide in sirkustinte hast fuort. De direkteur wie der emosjoneel ûnder:
"Yn jannewaris binne der mear stoarmen, omdat it temperatuerferskil tusken Noard- en Súd-Europa dan it grutste is. En dêrtroch krije je dy hurde wyn."
Nei de earste stoarm waard it kâld. "Yn Ljouwert hiene we alve froastdagen op rige", seit Wiebenga. Dat binne dagen dat de temperatuer ûnder nul komt. Op ien dei bleau de temperatuer de hiele dei ûnder nul. "Dat neame we in iisdei."
Reedriders op de Ryptsjerksterpolder fan boppe besjoen
Reedriders op de Ryptsjerksterpolder fan boppe besjoen © Kappers Media
Nei de iiswille krigen we in kwakkelwike, mei in bytsje snie, temperatueren krekt boppe nul, en koades giel om glêdens. En doe kaam de echte omslach, op 22 jannewaris.

Koade oranje

"Moarns hiene we noch koade giel om de glêdens, middeis wie it hast tsien graden, en jûns hiene we stoarm Ischa." Foar dy stoarm waard yn it Waadgebiet koade oranje ôfjûn.
"Op basis fan de sifers hie ik dêr wol myn fraachtekens by", seit Wiebenga. De foarsizzing wie foar wynstjitten oant 110 kilometer yn de oere. En neffens de sifers fan it KNMI sels wurdt koade oranje winterdeis ôfjûn by wynstjitten boppe de 120 kilometer yn de oere yn it kustgebiet.
"Simmerdeis is it earder koade oranje. Dan steane de beammen noch yn it blêd, en kinne der earder gefaarlike sitewaasjes ûntstean", seit Wiebenga.

KNMI: "Code oranje was een twijfelgeval"

Nei fragen fan Omrop Fryslân lit it KNMI witte dat it 'een twijfelgeval' wie om koade oranje ôf te jaan foar it Waadgebiet. "Hier hebben we meegewogen dat de storm 's avonds begon, en zou doorlopen tot in de ochtendspits."
"Die impact laten we steeds zwaarder meewegen, zwaarder ook dan in dit geval het verschil tussen 110 en 120 kilometer per uur."
Foar deselde stoarm is der yn Noard-Hollân ek koade oranje ôfjûn. "Daar was het heel duidelijk oranje, en in het Waddengebied hebben we het zekere voor het onzekere genomen. Maar dit zijn wel de moeilijkste situaties."
By de tredde stoarm fan de moanne, Jocelyn, bleau it by koade giel, wylst de wynpûsters boppe lân miskien noch wol swierder wiene as by stoarm Isha.
Sa giene we dus yn ien moanne fan de winter nei de hjerst, en yn it lêste wykein fan de moanne wie it suver maitiid. Al wol Wiebenga dat net sizze.
"It wie moai waar, mei de sinne derby, mar it giet foar myn gefoel tsjin alles yn om dat dan maitiid te neamen. Miskien bin ik dêr wol te nochteren foar. Mar it kin wol sa oanfiele: je wurde der fleurich fan."