Ried fan Steat: foar 1 april beslissing oer gaswinning Ternaard

Gaslokaasje NAM Ternaard
Gaslokaasje fan de NAM by Ternaard © ANP
De steatssekretaris fan Ekonomyske Saken en Klimaat moat foar 1 april in beslút nimme oer de gaswinning by Ternaard. Dat hat de Ried fan Steat woansdeitemoarn bekend makke yn in saak dy't oanspand wie troch de Nederlandse Aardolie Maatschappij (NAM).
Om't in beslissing oer wol of gjin gaswinning by Ternaard hieltyd útsteld waard troch it ministearje, wie de NAM nei de Ried fan Steat stapt. Yn earste ynstânsje hie it mynboubedriuw easke dat it ministearje binnen twa wiken in beslút nimme moast oer it ôfjaan fan de fergunning. Tidens de rjochtsaak sei it bedriuw ek libje te kinnen mei in deadline fan 1 april.
"De Raad ziet geen aanleiding om zelf een andere termijn te stellen en zal daarom de staatssecretaris opdragen om vóór 1 april 2024 de besluiten bekend te maken", sa is te lêzen yn de útspraak.

Twangsom

Wannear't de beslissing fan it ministearje dochs langer op him wachtsje lit dan de deadline fan 1 april, dan moat der in twangsom fan 250 euro per dei betelle wurde oan de NAM mei in maksimum fan 37.500 euro.