Spriedingswet giet yn: dit wurdt der fan dyn gemeente frege

Asylsikers
Asylsikers © ANP
Fryslân moat yn totaal 3.391 opfangplakken beskikber stelle foar de opfang fan asylsikers. Dat hat de ryksoerheid bekend makke nei oanlieding fan de spriedingswet dy't 1 febrewaris fan krêft wurdt.
Ljouwert moat it heechste oantal plakken beskikber stelle fan alle Fryske gemeenten, nammentlik 563. Dan folget Súdwest-Fryslân mei 488 en De Fryske Marren mei 301. Gemeenten meie hjir ûnderling wat yn skowe, as de provinsjale doelstelling mar helle wurdt.
Sjoch hjirûnder hoefolle opfangplakken oft dyn gemeente neffens in yndikaasje realisearje moat. Klik hjir ast de kaart net goed sjen kinst.
Ek de Waadeilannen hawwe de opdracht krigen om asylsikers op te fangen. Earder wienen sy dêrfan frijsteld. Mar it is dus mooglik dat oare gemeenten de opdrachten fan de eilannen derby nimme.
As it gemeenten net slagget om de provinsjale opjefte yn te foljen, kin de steatssekretaris gemeenten oanwize om ferplicht asylsikers op te fangen.
Op dit stuit wurde der yn Fryslân al mear asylsikers opfongen as't troch de minister opdroegen wurdt. Dat betsjut dat der net fuortendaliks wat feroarje moat.
Hjoeddeiske opfang fan asylsikers
Hjoeddeiske opfang fan asylsikers © Omrop Fryslân
"Mar de kommende jierren sil der fansels wol it ien en oar feroarje", sei Fred Veenstra fan de Vereniging Friese Gemeenten earder. "De kontrakten rinne ôf, krisisneedopfang hâldt op. Wy sille ús wol besinne moatte oer wat der oer in pear jier barre moat. Foldogge we dan noch wol oan de noarm?"
"De gemeenten moatte harren realisearje dat der wol in noarm ûnder leit, dat it de kommende jierren net mear op basis fan frijwillichheid kin."

It tal opfangplakken de gemeente

Achtkarspelen 140
Amelân 22
Dantumadiel 96
De Fryske Marren 301
Eaststellingwerf 136
Flylân 7
Harns 74
Hearrenfean 277
Ljouwert 563
Noardeast-Fryslân 234
Opsterlân 173
Skiermûntseach 5
Skylge 26
Smellingerlân 278
Súdwest-Fryslân 488
Tytsjerksteradiel 184
Waadhoeke 245
Weststellingwerf 142