Visser en Bosma krekt bûten it poadium by Alternative Alvestêdetocht

Harm Visser
Ofbylding as yllustraasje © Orange Pictures
Harm Visser fan De Westereen is woansdei fjirde wurden by de Alternative Alvestêdetocht op de Weissensee. By de froulju einige Merel Bosma fan It Hearrenfean op itselde plak.
De manlju rieden 20 rûntsjes fan 10 kilometer. Ien ronde foar de finish pleatste Haasjes tegearre mei syn broer Ronald en Stefan Wolfenbuttel in suksesfolle oanfal. It trijetal kaam los fan it peloton en waard net mear byhelle.
Christiaan Haasjes rekkene yn in einsprint ôf mei syn maten foarop. Visser wûn de sprint fan it peloton.

Massasprint

By de froulju rûn de race út op in massasprint. Dêryn wie Tessa Snoek de fluchste. Sy rekkene ôf mei Arianna Pruisscher en Carla Ketellapper-Zielman. Merel Bosma wie op it fjirde plak de bêste Fries.