Liveblog | 31 jannewaris

112-nijs 31 jannewaris: Tsjûgen oerfal Ljouwert socht | Slim ûngelok by Spangea

Yn dit bloch hâlde we dy op de hichte fan it 112-nijs yn Fryslân.

Lêst bywurke: 31 jannewaris, 16:05
16:05

Protte ynbraken yn BMW's

Der wurdt de lêste tiid in protte ynbrutsen yn BMW's yn Noard-Nederlân. De ynbrekkers meitsje dêrby in gat yn de doar op de hichte fan it elektryske rút. Se meitsje dêrby gebrûk fan spesjalistysk ark. Dêrtroch is der kwealik skea te sjen.
It doel fan de ynbrekkers is de airbag, it dashboard en de de navigaasje-apperatuer. De skea kin dêrtroch oprinne oant boppe de 10.000 euro.
De plysje hâldt der rekken mei dat it giet om ynternasjonaal rûnreizgjende groepen.
De plysje ropt minsken op om harren auto op in goed ferljochte plak del te setten, mei kamerabefeiliging, as dat kin. Minsken dy't wat fertochts sjogge, kinne belje mei de plysje.
14:11

Ien persoan ferstoarn nei frontale botsing op N351

14:07

Drachtster krijt wurkstraf foar wytwaskjen

In 19-jierrige Drachtster is troch de plysjerochter feroardiele foar wytwaskjen en in mishanneling. De rjochter lei him 120 oeren wurkstraf en twa wike jeugddetinsje ûnder betingst op. Ek moat de Drachtster him melde by de reklassearring en meiwurkje oan alkohol- en drugskontrôles.
Trije tsjûgen hiene oanjûn dat se benadere wiene mei de fraach oft se harren bankrekken beskikber stelle woene. Se soene dan jild derop stoarten krije dêr't se 50 euro fan hâlde mochten. Der kaam in pear hûndert euro op. Mar dat jild kaam fan minsken dy't fia Marktplaats oplichten wiene.
De fertochte ûntkende dat ferhaal. Hy joech wol ta dat er in persoan in klap jûn hie yn in drogisterij ein april ferline jier. Dat soe út selsferdiegening dien wêze.
Njonken de opleine straf mei de Drachtster ek gjin kontakt opnimme mei dat slachtoffer.
13:02

Twa ferwûnen by slim ûngelok op N351 by Spangea

Frontale botsing op N351
Frontale botsing op N351 © BTBfotografie
Op de N351, de Pieter Stuyvesantweg, binne woansdeitemiddei twa auto's frontaal yn botsing kommen. Dat barde krekt nei tolven. By de botsing rekken beide bestjoerders slim ferwûne. Der binne in soad helptsjinsten lykas in traumahelikopter nei it plak ta kommen.
Beide bestjoerders binne nei it sikehûs ta brocht. It is noch net dúdlik hoe't it ûngelok barre koe. De wei is ticht foar ferkear.
12:32

Ungelok by Spangea

11:46

Plysje siket tsjûgen fan oerfal op snackbar yn Ljouwert

De plysje siket tsjûgen fan de oerfal op in snackbar yn Ljouwert. Twa mannen bedrigen tiisdeitejûn om 22.00 oere hinne it personiel fan de saak oan de Jan van Scorelstraat mei in stekwapen en ha by de oerfal ek guod meinommen.
Tsjûgen of minsken mei kamerabylden kinne harren melde by de plysje.