Fryslân stadich mei nijbou: provinsje lanlik ûnderoan de list

Nijbouwyk Techum
Ofbylding as yllustraasje © ANP
Fryslân boude it ferline jier stadiger as de measte oare provinsjes. De wenningfoarried yn Fryslân is yn 2023 mei 0,6 prosint omheechgien. Gemiddeld leit dat op 0,9 prosint.
Tegearre mei Limboarch en Drinte (ek beide 0,6 prosint tanimming fan de wenningfoarried) hinget Fryslân ûnderoan de list. Dat docht bliken út sifers fan it Centraal Bureau voor de Statistiek (CBS). Us provinsje hat der it ôfrûne jier sa'n 1.850 nijbouwenten by krigen.
Súd-Hollân hat it fanatyskst oan it bouwen west; dy provinsje krige der 17.000 wenningen by. Relatyf sjoen stiet Flevolân boppe-oan. De wenningfoarried naam dêr ta mei 1,6 prosint.
Sjoch hjir hoefolle huzen dyn gemeente boud hat it ôfrûne jier. Docht de kaart it net goed, klik dan hjir.
Ferline wike sei Provinsje Fryslân noch dat se it bouwen fan wenten steviger oanstjoere wol. Mar dat is makliker sein as dien. Foar gemeenten freget it in soad mankrêft en tiid, wylst dy net altyd beskikber binne.
Dêrom is de provinsje fan doel om gemeenten stipe te jaan by wenningbou, mar sy sil dêrby ek mear stjoere. It kin bygelyks gean om stipe yn de foarm fan it frijmeitsjen fan personiel.