Tiny Hoekstra en Sherida Spitse mei Ajax nei kwartfinale Champions League

Spitse en Hoekstra Ajax
Ofbylding as yllustraasje © ANP
Ajax is troch nei de kwartfinale fan de Champions League. De ploech wûn de wedstriid tsjin AS Roma mei 2-1. Tiny Hoekstra fan Rinsumageast makke ien fan de goals.
Om trochgean te kinnen wie winne genôch. Ajax waard twadde yn de groep mei neist Roma ek Bayern München en Paris Saint Germain.
De wedstriid begûn foar de Amsterdammers net sa goed. Sherida Spitse fan Snits krige yn de 31e minút in giele kaart en in frije traap tsjin. En kin dus de folgjende wedstriid net meidwaan. Krekt út dy frije traap waard skoard troch Roma.
Spitse besocht noch de bal út de frije traap fuort te skoppen mar kaam te let by har oanfaller: Elisa Bartoli koe sa de earste goal foar AS Roma binnenkoppe.

Hoekstra skoart

Krekt foar it skoft makke de oare Friezinne it wer goed. Sawat de earste kâns foar Ajax benutte Tiny Hoekstra fan Rinsumageast drekt. Diagonaal skeat se de bal yn de fiere hoeke.
Hoekstra waard nei goed 60 minuten nei de kant helle. Mar Spitse spile noch in grutte rol yn de twadde goal foar de Amsterdammers. Har hoekskop waard by fersin trochkopt troch Zara Kramzart fan Roma, sa de goal yn.
By Bayern München tsjin Paris Saint Germain waard it 2-2. Dêrtroch wint Paris Saint Germain de groep op doelsaldo. It is foar it earst dat in Nederlânsk frouljusteam by de bêste acht fan de Champions League heart.
Spitse reagearre emosjoneel nei de wedstriid: "Hier leef ik voor."