Flylân set yn op strategysk oankeapjen fan huzen om krapte foar te kommen

Het Armhuis op Vlieland
It Armhuis op Flylân © Omroep Zilt, Lennard Geerts
Om de huzekrapte op it eilân oan te pakken, moat de gemeente Flylân wenlokaasjes oankeapje sadree't dy kâns him foardocht. Dat hat de ried moandeitejûn unanym besletten. Komt it Armhuis yn oanmerking? Eigener Michael van de Kuit stiet iepen foar in "serieuze bieding".
Om't der struktureel te min wenningen binne foar starters en gesinnen op Flylân, hat it kolleezje op fersyk fan de gemeenteried in plan makke om strategysk pannen of perselen te keapjen.
De ôfrûne perioade binne der "meerdere percelen verkocht waarbij we eventuele kansen niet hebben benut of overwogen", sa skriuwt it kolleezje. Sadree't him kânsen oantsjinje op de fêstgoedmerk, moat de gemeente dêr fluch en strategysk op ynspylje kinne.
Vlieland dorpsstraat Flylân
De Doarpsstrjitte op Flylân © Omroep Zilt, Lennard Geerts
Pas as it ta oankeap komt, wurdt hjirfoar in lienkredyt beskikber makke. Hoe grut oft dat bedrach wêze mei, makket de gemeente net bekend. De finansjele romte fan it kolleezje stiet yn in geheime taheakke fan it riedsbeslút. Oer dat aspekt kaam de ried efter sletten doarren gear.
Mei in strategysk oankeapbelied wol de gemeente benammen mear betelbere hierhuzen beskikber stelle. It plan is in ekstra stap, neist de noch op te stellen wenfyzje foar it eilân. "Daar is nu een eerste concept van in de maak", lit wethâlder folkshúsfêsting Roel de Jong fan it eilân witte.

Dreech lavearje

Foar it útwreidzjen fan de wenningfoarried is op Flylân net allinnich de romte krap, mar is it polityk somtiden ek dreech om derút te kommen mei ferskate partijen. Sa stroffele de foarige wethâlder Dick Visser oer de oankeap fan it pân Dorpsstraat 154 troch de gemeente.
Het Armhuis op Vlieland
It Armhuis op Flylân © Omroep Zilt, Lennard Geerts
Nei oanlieding fan fermoedens fan mooglike belangeferfrisseling tsjinne de ried in moasje fan wantrouwen yn. As reaksje dêrop lei Visser syn funksje yn maaie 2022 del.

Underhannelje oer it Armhuis

It santjinde-iuwske Armhuis is troch fêstgoedûntwikkeler Michael van de Kuit oan de gemeente te keap oanbean. Dat dielde wethâlder De Jong ferline jier novimber oan de ried mei. Van de Kuit kocht dit monumintale pân oan it Kerkplein yn 2018 fan de Stichting Monumentenbehoud Vlieland. Mar sûnt 2021 stiet it Armhuis leech.
Plannen om der in hotel fan te meitsjen, komme net fan de grûn. De gemeente woe it pân wol oernimme, seit Van de Kuit, mar dan foar minder as in miljoen. Dat is neffens him "ver onder de boekwaarde". Mar it oanbod stiet noch hieltyd, lit er witte. "Ik sta open voor een serieuze bieding."

Doar stiet iepen

De tún fan it Armhuis is in flink perseel dat him útstrekt fan de Gordykstrjitte oant de Willem de Vlaminghwei. "De wethouder kan ook deze grond kopen en daar woningen bouwen. Maar hij kan niet van mij verlangen dat ik het onder de boekwaarde verkoop."
By de petearen ferline jier kamen se der mei de priis net út, befêstiget ek Roel de Jong. Mar de wethâlder seit net direkt nee tsjin it oanbod. "Als Van de Kuit serieus aan de slag wil, dan staat de deur altijd open."