De toan fan Froukje Sijtsma: "Caravan"

de toan fan kollum froukje sijtsma
Froukje Sijtsma © Omrop Fryslân
"Hasto freedtemiddei al plannen?", frege myn freon. "It liket my leuk om dy mei te nimmen op date." Dêr hie ik wol earen nei. "Moai, dan gean we nei de Caravana yn it WTC Expo," lake er.
In pear jier lyn kocht myn freon in twaddehâns taksybus. Dy tsjoende hy ferfolgens om ta lytse kamper. Hy boude der sels in keukentsje yn, in bêd en in stevich hefdak. Yn de lêste twa jier hawwe wy geregeld mei ús beiden, mar ek mei myn dochter derby, op 'e strún west. Toere troch Nederlân en Europa mei de mountainbikes efterop.
Wy fine it hearlik om simpel en kompakt op reis te gean. Twa dagen op in kamping of boerehiem en dan wer oppakke en fierder. Dochs begûn it de lêste tiid by myn freon wat te jûkjen. In kamper freget fansels om ûnderhâld ûnder de motorkap en as je efkes mei de auto fuort wolle, dan moatte je de boel earst ôfbrekke. Wat soe ik derfan fine as we ris om in karavan sjen soenen, oppere hy.
Harkje hjir nei de toan fan Froukje
Myn hert stie efkes stil. De fjirtich noch net oanrekke en sjen om in sleurhut? Hy koe fan my net op byfal rekkenje. Myn kollega's laken my trouwens ek út. Ientsje sei: "Froukje, om't ik dy sa graach mei, sis ik it ek mar gewoan: asto in karavan keapest, dan slingerje de rest fan it jier de grappen dy hjir om 'e holle."
Stadichoan hâlde ik myn poat wat minder stiif. Ik seach myn freon der wol mei wrakseljen, dat ik sei: "Leave, as it dyn libben oangenamer makket, dan wol ik mei wat frisse tsjinsin wolris in karavan besykje. Mar dan moat it wol in skattich en beskieden dinkje wêze. En: ik gean net mei sa'n jarreweintsje oer de kamping sjouwen."
We begûnen ús date mei kofje en in taartsje. Doe't we om ús hinne seagen, foel it ús fuort op dat der eins net safolle karavans wienen. It wie dochs echt de kamper wat de klok sloech. Lúkse kampers tusken de ien en twa ton, mar ek stoere omboude bussen, mei knusse ljochtslingerkes en útskobere houten keukens.
Opfallend wienen ek de lytse oanhingweintsjes. Hûnekarkes, grapten wy. Opdield yn twa kompartiminten: in gesellich ynrjochte sliepunit en oan de efterkant in keukengedielte. Allinnich in bêd, gjin plak om te sitten, mar wol ideaal ast kompakt ûnderweis wêze wolst.
In oare trend op kampeargebiet is de daktinte, dy'st sels op it dak fan in gewoane persoane-auto pleatse kinst. It soe wolris de nijste foarm fan kampearen wurde kinne. De koffer mei daktinte útklappe, trepke derneist en sliepe mar. We seagen se útstald op stoere Landrovers en SUV's, mar doe waard it stil.
Op de Caravana stienen wy foar in Porsche 9-11 mei in daktinte. "Do woest wol graach kompakt op reis, dochs?", sei myn freon. "Witst, lit dy karavan oars mar sitte. Wy dogge wol in daktinte. Folgjende wike gean we op date nei de autodealer."